Houtekster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Houtekster
Garrulus glandarius 1 Luc Viatour.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Kriefûgels (Corvidae)
soarte
Garrulus glandarius
Garrulus glandarius

De Houtekster (Garrulus glandarius) is in fûgel út de famylje fan de Kriefûgels.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Houtekster is sa'n 32 oant 35 sm. grut en in wjukspanwiidte dy't likernôch 53 sm lang is. De fûgel waacht sa'n 170 gram. De fearren fan de Houtekster binne readeftich griis, de wjukdekfearren binne fel blau mei in swarte râne. Syn stút en ûnderkant fan de sturt binne wyt en goed te sjen at er fleant.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Houtekster komt foar yn Jeropa, Noard-west Afrika en yn Aazje oant Japan.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Houtekster is in allesiter. Hy yt in bulte ynsekten en harren larven, mar yn it foarjier yt er ek wol ris aaien en jongen fan oare fûgels. Yn de hjerst en winterdeis yt er meast plantaardich fiedsel. Foaral in bulte ikels mar ek wol nuten, beien, jirpels, apels ensfh. De Houtekster is ek gewoan om yn de hjerst in foarried fan ikels oan te lizzen.
Trochdat de houtekster net syn hiele foarried opbrûkt soarget er ek foar de fuortplanting fan de beammen trochdat de ikels en nuten dy't der yn de grûn ferstoppe hat útgroeie ta nije beammen.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Houtekster makket syn nêst yn in beam fan tûken en plantestâlen oan de binnekant beklaaid mei ûnder oaren mos. It wyfke leit fiif oant sân griisgriene aaien mei brune flekken. De aaien wurde troch beide âlden yn 16 as 17 dagen útbret. Dêrnei duorret it noch in lytse trije wike foar de jongen útfleane. De Houtekster hat mar ien nêst it jier.