Barte
Ut Wikipedy
In barte is in lizzende ferpleatsbere brêge sûnder leuning oer in farwetter. De barte kin oan de kant skood wurde as der in skip lâns komt. It dek bestiet út twa houten lizzers mei beplanking. By it laden fan fee yn skippen en frachtweinen brûkt men ek in barte. De Bartesleat is in feart by Suwâld en komt út op it Prinses Margrietkanaal.