Netnûmer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kaart fan netnûmers yn Nederlân.

In netnûmer is in part fan in nei gebiet opboud tillefoannûmer.

Yn Nederlân bestiet it netnûmer út in rige fan 2 as 3 sifers mei in nul derfoar, dy't keazen wurde moat at in nûmer yn in oar gebiet skille wurdt. It netnûmer tegearre mei it abonneenûmer foarmje it tillefoannûmer. At ien fanût it bûtenlân skillet, wurdt de nul fan it netnûmer weilitten.

De netnûmers binne ûnstien út de nasjonale keppeling fan de lytsere lokale netwurken, wêrby it netnûmmer oantsjutte hokfoar oar netwurk frege waard. De lêste grutte feroaring fan de Nederlânske netnûmers wie 10-10-1995, ûnder de saneamde Operaasje Desibel. Foar dy tiid hiet it regionale nûmer kengetal.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]