List fan Nederlânske netnûmers
Ut Wikipedy
Op dizze side stiet in list fan netnûmers yn Nederlân.
Ynhâld |
Netnûmers [bewurkje seksje]
Net alle plakken binne yn dizze liste oanjûn, en de nammen dy't oanjûn binne, binne plaknammen en gjin gemeentenammen. Sûnt 10 oktober 1995 (Operaasje Desibel) foarmje netnûmer en abonneenûmer tegearre in tsiensiferich tillefoannûmer.
Nasjonale begjinsifers [bewurkje seksje]
Ek nasjonale nûmers hawwe in nul en dan ien as mear fêste begjinsifers
| Nûmer | Funksje |
|---|---|
| 00 | Ynternasjonaal tagongsnûmer |
| 06 | Mobile nûmers en semafoantsjinsten |
| 0676 | Ynternetkedizers |
| 0800 | Fergese ynformaasjenûmers |
| 084, 087 | Persoanlike tsjinsten, lykas stimmepost en fakspost |
| 085 | Plakunôfhinklik netnûmer (fan 2006 ôf) – kin meinaam wurde by ferfarren nei in oare regio |
| 088 | Bedriuwsnûmers (sûnt ein 2004) |
| 0900 | Betelle ynformaasjenûmers (net erotysk, seksueel of pornografysk; net petearferlingend) |
| 0906 | Betelle ynformaasjenûmers (gjin beheinings, meastentiids erotysk) |
| 0909 | Betelle ynformaasjenûmers (selde beheinings as by 0900, meastentiids amusement) |
| 091 | Plakunôfhinklik netnûmer, klear foar byldtillefoany of linen mei ferhege kwaliteit (fan oktober 2006 ôf) |
Nasjonale nûmers [bewurkje seksje]
Der is in beheind tal fan nûmers dat nea begjinsifers krijt:
| Nûmer | Funksje |
|---|---|
| 112 | alarmnûmer |
| 118 | nûmerynformaasje |
Keppelings om utens [bewurkje seksje]
- Folslein oersjoch fan netnûmers op it webstee fan de Tillefoangids.
- Nummerplannen op it webstee fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken.