Petersburch (buorskip)
Ut Wikipedy
Petersburch mei brêge oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart
Petersburch is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. Petersburch leit noardwestlik fan Donkerbroek en súdwestlik fan Waskemar. Oan de oare kant fan de N381 leit 'e buorskip Moskou
Ein 18e ieu set turfstekker Pieter Blauw him hjir nei wenjen en makket fan syn hûs in kroech. As tekst stie op syn úthingboerd: "Ik woon hier aan de weg. Wat heb ik meer te wenschen. Dan zegen van de heer. En gunst van alle menschen". Doe't de kroech nei ferrin fan tiid yn ferfal rekke waard it hûs Pieters burcht neamd. Dy namme waard letter ferbastere ta Petersburch.
Petersburch leit oan de Turfrûte.