Ravenswâld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ravenswâld
Himrik fan  Ravenswâld
Gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2006) 442
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 57' NB, 6° 22' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8427
Webstee www.ravenswoud.nl


Ravenswâld is in doarp yn de eastpunt fan de gemeente Eaststellingwerf. It leit east fan Easterwâlde en ten noardeasten fan Appelskea, en telt 442 ynwenners (1 jannewaris 2009). De buorren falle sûnt 2007 ûnder de beskerme steds- en doarpsgesichten. Oant 1948 waard it Appelskea Tredde wyk neamd.

Schotanus hat in plasse Ravensmeer neamd. Sybesz neamde it op in kaart fan 1764 it "Het Witte Meer". Doe't it turfgraven begûn woe men it ûntstiene dorp yn it earstoan Ravensmeer neame. Omdat de assosjaasje mei Raven-smeer net moai hearde waard keazen foar Ravenswâld. Sybesz tekene doe fuortendaliks by dit marke in groepke beammen en het dêrûnder skreaun: Ravensbomen.

It feanûntginningsgebiet by Ravenswâld is oanwiisd as ien fan de beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân. Yn Ravenswâld stiet de Utsjochtoer Fochtelerfean fan de stifting Natuermonuminten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Dorpshûs en doarpsferiening "De Wyken" binne oprjochte op 21 april 1980. Pleatslik Belang is oprjochte op 23 febrewaris 1940 en bringt ek ferieningsbled De Wyken út.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • toanielgroep
  • muzykgroep

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Boksleatswei - âlde namme
  • Fochtelerfean - nei it Fochteler Fean
  • Kompanjonswei - de kompanjons hienen de feanterij yn hannen.
  • Lycklamafeart - nei de famylje Lyclama à Nijeholt
  • Master Lokstrjitte - master Anje Lok wie haad fan de skoalle en troch de Dútse besetter fusiliearre.
  • Veenwijksweg - wei troch it fean om de turf ôf te fieren.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen