Lycklama à Nijeholt

Ut Wikipedy
Wapen.
In printsje fan de stins Friesburg yn Nijeholtpea. De tekening is makke troch J. Stellingwerf yn 1722.

Lycklama à Nijeholt, ek Lycklama à Nyeholt of Lijcklama à Nijeholt, is de namme fan in aadlik laach dat syn oarsprong yn Fryslân hat.

De famylje bewenne eartiids de stins Friesburg yn Nijeholtpea. Dat plak is ek de werkomst fan it twadde part fan de efternamme. It earste part komt nei alle gedachten fan Lyckle Eables (1458-1538); syn neikommelingen hawwe syn foarnamme opnaam yn de efternamme. It geslacht hat in stik as wat grytmannen levere, benammen yn de gritenijen Weststellingwerf en Eaststellingwerf hawwe sy dy funksje útoefene. Guon foaroansteande steatslju kamen ek út dizze famylje. It geslacht, dat fan âlds diel útmakke fan de Fryske eallju, waard yn 1814 opnaam yn de Nederlânske adel.

Ferneamde famyljeleden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]