Wyk (sydkanaal)
In wyk is in fan it haadkanaal ôfgeande lytsere feart, dy't yn it heechfean groeven waard om turf ôf te fieren.
Nei de ferfeanting wie de wyk foar de op ûntgûne dalgrûn wenjende boeren it middel om by harren lannen te kommen. Meastentiids binne de wiken op geregelde ôfstannen (faak ± 200m. ) fan elkoar ôf. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne op hast alle plakken de útmûnings fan de wiken tichtsmiten, om lâns it haadkanaal ferfier per as mooglik te meitsjen. Allinnich lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart , fan Beneden-Knipe oant It Hearrenfean is de âlde tastân noch lang bestean bleaun.
Wiken waarden neamd nei ferfeanters, eigeners fan de oanbelangjende lannen, lokale bysûnderheden, mar yn de easthoeke fan Ald-Skoatterlân waarden se yn de 19e ieu mei in nûmer oantsjutten.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|