Makkingea

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Makkingea
Himrik fan  Makkingea
Gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 34
Ynwenners (2006) 1.023
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 58' NB, 6° 13' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8423
Webstee {{{webstee}}}


Makkingea is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, west fan Easterwâlde. It doarp hat likernôch 1023 ynwenners (1 jannewaris 2009). Makkinga wie oant 1886 haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Hjirnei is Easterwâlde it haadplak wurden. Der wurdt meast Stellingwerfsk praten. By it doarp lizze de buorskippen Bûteheidefjild, Legeduerswâlde, Hegeduerswâld, Twitel en Fenebuorren.

Yn 2007 waard yn it Uterts argyf in oarkunde út 1408 fûn dêr't de namme Makkingea foar it earst neamd wurdt. Yn 2008 is dêrom it 600-jierrich bestean fierd. It is in âld brinkdoarp dat eartiids in soad te lijen hie fan oerstreamingen fan De Tsjonger. De Brink waard brûkt om kij en skiep by inoar te bringen en der stie ek in pomp. Bytiden waard it ek brûkt om it waskguod te bleekjen.

Makkingea makke ûnderdiel út fan de Fryske Wetterliny.

Makkingea lei nei 16 maaie 1914 oan de tramline Easterwâlde-Stienwyk. Hjir waard allinnich fracht mei ferfierd. Yn it doarp binne neffens nije ynsichten hast alle ferkearsboerden weihelle. Elkenien moat rekken hâlde mei de oar. It âldste gebou yn it doarp is hotel Schurer, yn 2008 sit hjir restaurant 'De Smaeck fan Spa' yn. Yn 1776 waarden nije klokken lieten bewenners Johannes schurer en syn frou Garske Spijksma fan de kafeepleats in tafelbelle jitte mei trije ryksdaalders der yn teraand.

De âldste klok fan de tsjerke út 1775 is fan 1463. Nei alle gedachten hat de famylje Lycklama à Nijholt flink bydroegen oan de bou. Op de tsjerketoer stiet gjin hoanne mar in hynder.

Der is in museum foar âld ark mei de namme "Oold Ark". Hjirneist stiet mole De Weyert. Der stiet in âlde nôtmole út 1925 dy't yn 1971 restaurearre is. Ek stie hjir earder in koperative molkfabryk "De Iendracht". Op it âlde stee stiet no it keunstwurk De Iendracht yn de foarm fan in hege piip.

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • By Makkingea leit it motorreesterrein Prikkedaam.
  • Alle lêste sneonen fan de moannen maart oant en mei novimber is der rommelmerk yn de buorren.
  • Kuinderloo is in naturistekamp fan Lotus mei in natoercamping.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Rommelmerk yn Makkingea

Oan de Oosterhuiswei stiet it Doarpshûs. Elke lêste sneon fan de moannen maart o/m oktober wurdt in grutte iepenloft-rommelmerk hâlden. It doarp hat in basisskoalle en der is noch in winkel. Yn 2008 fiert it doarp har 600-jierrich bestean en ek dat it 125 jier lyn is dat de skoale ferpleatst waard fan de Berkeaperwei nei de Lycklamawei.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Makkingea[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Bakkerskamp - earder eigendom fan de pleatslike bakker. Hjir snied er syn takkebosken foar syn ûne en liet syn hynder der rinne.
  • Balkwei - balk is in âlde namme foar brêge.
  • Bercoperwei - komt fan de namme "Brocope"
  • Bergsmastrjitte - boargemaster P. ct. Bergsma (1865-1870)
  • Brink - hert fan it doarp
  • Bûterheidefjild - nei it buorskip Bûterheidefjild, ek wol "kluft" neamd.
  • Ceresstrjitte - namme fan de pleats dy't hjir eartiids stie.
  • De Harken - nei it buorskip De Harken.
  • Kúnderwei - fan de rivier de Kuunder, dy't ek wol Tsjoneger neamd wurdt.
  • Leechduerswâlde - Legeduerswâlde wie in buorskip mei in pear boeren en huzen.
  • Lyclamawei - fan feanbaas Lyclama à Nijeholt.
  • Meuleboskwei - wei eartiids in wettermolebosk.
  • Middelburen - boerestreek dêr't de stins fan Lyclama stien hat. It is yn 1673 ôfbrutsen. De namme soe ûntstien wêze trochdat it tusken Fenebuorren en Twitel yn lei.
  • Oosterhuiswei - Oosterhuis de meast eastlike pleats fan Makkingea. Op de homeiepeallen stie "Oosterse Huis". Doe't de peallen weihelle waarden woenen de bewenners de namme bewarje en hawwe dy doe boppe-op de pleats setten. Mar de "se" is der net by skreaun, der kaam "Oosters Huis" op te stean. De buorkerij leit krekt net oan dizze wei, mar oan De Harken.
  • Prikkedaam - nei it buorskip Prikkedaam
  • Tronderwei - wei nei it buorskip Tronde
  • Twitel - nei it buorskip of "kluft" Twitel. Der hat in mole stien. Yn in advertisnje út 1841 wurdt de mole oanpriizge as eene hechten en wel geplaatsten standerwindkorenmolen.... Yn 1869 omwaaid en ferfongen troch in wettermole út de Weperpolder ûnder Easterwâlde. Hy kaam op in hichte te stean: "Meulebelt". Yn 1912 is de mole troffen troch de bliksem en finaal ôfbaarnd. De hear Sefat hat yn 1912 in houtseachmole fan De Fordyk kocht en dizze is yn 1913 opboud as nôtmole.
  • Van Brederodestrjitte - Van Brederode wie earder evangelist yn it doarp en joech ûnder oaren de oanset ta it bûterfabryk. Earst rûn er sels mei de koer rinnende nei de merk fan Stienwyk om it produkt te ferkeapejen.
  • Veneburen - Fenebuorren ferwiist nei 'fean'. Dizze boerestreek wie doe in haadwei.
  • Wemewei - nei de famylje Weme.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010