Skâns

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Skematyske werjefte fan de skânsen by it Belis fan Groenlo fan 1597.
De Ingelske skâns út 1627 yn Lievelde.

In skâns of ferskânsing is in âld militêr ferdigeningswurk meastal makke fan ôfgroeven ierde. In ferskânsing betsjut tsjintwurdich oer it generaal in (militêr) fersterke plak. Ek by it fierljeppen wurdt in skâns brûkt. Skânsen waarden in soad brûkt by de Tachtichjierrige Oarloch as ferdigening fan strategyske plakken, lykas riviermûningen, wichtige oanfierrûtes oer lân of as ekstra ferdigening fan in stêd.

By belegeringen waarden faak skânsen groeven troch de belegerders, om de troepen beskermje te kinnen fan fjoer út de stêd en mooglike oanfallen fan bûtenôf. De skânsen waarden destiids yn de regel stjerfoarmich mei meastal fjouwer punten (bastions) en waarden faak omringe troch in grêft en oare foarmen fan ferdigening, lykas peallerigen. Skânsen wienen yn prinsipe ûnôfhinklik, mar koenen ek ûnderdiel wêze fan in liny.

Permanint besette skânsen krigen in eigen namme en waarden faak 'fort' neamd.

Yn Súdeast-Fryslân binne de resten fan de Fryske Wetterliny te sjen. Dy line fan 16e en 17e-ieuske ferdigeningsskânsen en wetter rint dwers troch it súdeasten fan de provinsje. Se binne bot fertuteaze. Lânskipsbehear Fryslân wol de skânsen opknappe. De Bekhofskâns by Aldeberkeap is earst oanpakt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]