De Himrik
|
|||||
| Gemeente | Opsterlân | ||||
| Ynwennertal (2004) | 440 | ||||
| Webstee | http://www.dehimrik.nl | ||||
De Himrik is in streekdoarp yn de gemeente Opsterlân, súdeast fan Beetstersweach. It doarp hat likernôch 440 ynwenners (2004) en leit oan de wei fan Wynjewâld oer Bakkefean en Lippenhuzen nei De Gordyk. Dizze wei, yn de Himrik de Binnenwei neamd, rint as trochgeande wei troch it doarp. Ten suden fan it doarp rint de Opsterlânske Kompanjonsfeart. De Himrik is fan âlds in boeredoarp dat troch de Turfrûte ferbûn is mei Lippenhuzen, De Gerdyk en Terwispel. Earder waard in soad fracht as hea, molke, fee en turf mei de pream ferfierd fia de Kompanjonsfeart. De Himrik waard lang lyn ek wol De Hem(e)rick(en) neamd.
Yn de buorren fan De Himrik stiet in 12e ieusk tsjerkje, wijd oan Sint Andreas, mei in begraafplak en in grêfkelder fan de famylje Van der Sluis der omhinne. Dizze ferfeantersfamylje hat ek It Koetshús út 1901 oan de westkant fan it doarp sette litten. By dizze Wite Tsjerke stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oare monumintale gebouwen binne it koetshús en de eardere jeugdherberch "Swellenest".
Yn de tiid fan de turfwinning, midden 18e ieu, is yn 1755 it Himrikerferlaat yn de Kompanjonsfeart slein. De slûs is hûndert jier letter fan stien makke en yn 1902 hielendal fernijd. De ophelbrêge is yn 1952 út in oar plak weikomd.
Yn de omkriten lizzen stkjes lân mei houtwâlen (kûlisen lânskip), fierders binne der ferskate bosken en boskjes om te kuierjen. In heidelânskip en in fallei om De Boarn of "Alddjip" soargje foar noch mear fariaasje.
Yn de bosken Sparjeburd is in iepenloftteater.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Doarpswapen en flagge
Yn sinopel trije peallen fan sulver en in skyldhaad fan goud, beladen mei in Sint Andryskrúske, oan beide kanten mei in lizzende turf, alles fan keel.
De peallen binne oan de iene kant ûntliend oan de Sânwâlden, de gritenij dêr't it doarp earder ûnder foelen. Tagelyk symbolisearje se it lânskipstype om it doarp, nammmentlik de greiden en de soad sleatten. De turven slaan op de eardere feanûntginning en it krúske op- it feit dat de doarpstsjerke wijd wie oan Sint Andrys. It skyldhaad ferwiist nei de sânrich dêr't it doarp syn ûntstean oan te danken hat.
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarpshûs hjit De Bining, de doarpskrante De Doarpsrûnte. Der binne twa buertferienings: tusken Twa Doarpen en Easte Ein. Hemrivent soarget foar in jierliks feest. Pleatslik Belang bestie yn 2007 100 jier. Der hawwe altyd twa basisskoallen west, iepenbier en kristlik, mar de kristlike skoalle gie yn 2007 ticht. It doarp hat in doarpshûs mei sportfjilden en in Fryske Hyndersintrum. Der binne gjin supermerken mar wol in winkel wêr't klompen en fiskersark ferkocht wurdt. Ek is der in horekagelegenheid. It doarp hat ek in eigen iisbaan en in iepenloftswimbad.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Eensgezindheid - drumband en korps
- HVC en Nei It Sin - follybal
- SVH - gymnastyk, badminton, aerobic en sealfuotbal
- WWMD - kuorbal
- Haast U - iisclub
- De Fjildruters - hynsteriden
- Keakellust- hoanneferiening
- It Heisterplak - boarterstún
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Andryssingel, Binnenwei, Bûtewei, De Maneezje, Dominee de Boerwei, Engbert Pierswei, Fabryksleane, Himrikerpaad, Honk, Ikesingel, Jan Evertswyk, Kompanjonsfeart, Poasen, Sparjeburd, Tjalling Harkeswei, Welgelegen.