Olterterp
|
|||||
| Gemeente | Opsterlân | ||||
| Ynwennertal (2005) | 96 | ||||
| Webstee | |||||
Olterterp is in doarp yn de gemeente Opsterlân, krekt east fan Beetstersweach. It is it lytste doarp fan de gemeente mei likernôch 96 ynwenners (2005).
Yn 1793 waard Boelensstate stifte, dat yn 1907 ferfongen is troch Huzinge Olterterp dêr't earder de famylje Boelens wenne. It is no it haadkantoar fan It Fryske Gea[1]. By Beetstersweach stiet hearehûs De Horst, dat yn 1907 boud is troch de Beetstersweachster arsjitekt Luitje de Goed.
De famylje Boelens wie eartiids eigner fan fierwei it measte lân en opstallen yn Olterterp. It Aldhôf, oanlein yn 1830, is it famyljebegraafplak fan de famylje Boelens.
Ynhâld |
Etymology [bewurkje seksje]
Olterterp komt yn 1315 foar as Utrathorp. Utrathorp mei Urathorp (Oerterp) binne nammen dy't de lizzing fan beide doarpen foar de rivier de Boarn oer oanjouwe. It Aldfryske ûtere betsjut "bûtenste" of "oan de bûtenkant lizzend" en ûr "oer" of "boppe". Dat Olterterp is it steamôf lizzende doarp.
De foarmen Otter- en Olter- hawwe lange tiid neist elkoar bestien, mar alinne de fariant Olterterp is oerbleaun. [2]
Tsjerke [bewurkje seksje]
Yn Olterterp stiet in tsjerke út 1415 mei in toer út de 18e ieu. It tsjerkegebou is oplutsen út kleastermoppen yn goatyske styl. De tsjerke wie wijd oan Sint Hippolytus. Op de tsjerkeflier lizze sarken út de 17e en 18e ieu. Oan de muorren hingje rouboerden út dy tiid fan belangrike famyljes út dy tiid: Boelens, Lycklama à Nijeholt en Hemminga. Foar de tsjerke is yn 1744 in toer boud, de liedklok is wierskynlik fan 1444. Yn 1974 is it gebou restaurearre. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken en der wurde geregeld konserten jûn.
It Wite Hûs [bewurkje seksje]
-
It Wite Hûs yn de 40er jierren, oan de trambaan Drachten-De Gordyk-It Hearrenfean
Mienskip [bewurkje seksje]
Pleatslik Belang is ien mei Beetstersweach.
Befolking [bewurkje seksje]
Iepenbier ferfier [bewurkje seksje]
- Line 10 fan Qbuzz: It Hearrenfean – De Knipe – Langsweagen – De Gordyk – Lippenhuzen – Terwispel – Beetstersweach – Olterterp – Drachten – Nyegea – Sumar – Burgum – Hurdegaryp – Tytsjerk - Ljouwert vv.
Strjitten [bewurkje seksje]
Achterwei, Aldhôf, Boppefjild, Heidehuzen, Poostwei, Van Harinxmawei.
Sjoch ek [bewurkje seksje]
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|