Bakkefean
|
|||||
| Gemeente | Opsterlân | ||||
| Ynwennertal (2005) | 2034 | ||||
| Webstee | http://www.bakkeveen.nl | ||||
Bakkefean is in doarp yn de gemeente Opsterlân, net fier fuort fan Drachten. Bakkefean hat likernôch 2.034 ynwenners (2005). Der is in iepenbiere De Oanrin en in kristlike basisskoalle It Betrouwen.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
Troch dat Bakkefean op in âlde sânrêch leit en boppedat by in trochgong yn it fean dat hjir eartiids wie, luts dit plak al sûnt de Stientiid ferkear. It doarp waard it earst neamd as it plak dêr't yn 1231 de Fryske helptroepen fan de biskop fan Utert en Drinten in fjildslach útfochten hienen.
Yn de 13e ieu wenne hjir de kluzener Doda. Syn neifolgers ferienigen harren mei kleaster Mariëngaard, sa ûntstie de úthôf Mariengaard, leveransier fan turf. Yn de Tachtichjierrige Oarloch (1583) waard it doarp, mei de tsjerke, troch de Spanjerts ferwoaste. It hjoeddeistige Bakkefean is ûntstien oan de feart by de feanûntginning yn 1660. It is dêrtroch in echt streekdoarp.
Besuden en súdwestlik fan in dobbe oan de Miumer, krekt efter de Bakkefeanster dunen, binne restanten fan in fol-midsieusk doarp fûn. It doarp moat al foar 1230 ferdwûn wêze.
Gea [bewurkje seksje]
Bakkefean leit middenyn in boskryk gebiet mei ôfwikseljende heide- en sânflakten dy't op de grins mei Grinslân en Drinte lizze. Eastlik fan it doarp leit It Mandefjild; oant 1925 ta in grut heidefjild oant de Drintske grins ta, yn syn hiele hear en fear, mar doe foar it grutste part ûntgûn en oanmakke.
In trijetal organisaasjes beheart de gebieten: Natuermonuminten, Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Fanút in skiepskoai op de oangrinzjende heide fan Allardseach wurdt de heide fan Bakkefean troch in skiepskudde beweide. Der rinne ek Exmoor-ponny's en Skotske Heechlanners frij yn it heidegebied om.
Bakkefean is in brinkdoarp. De brink leit yn it sintrum fan it doarp. Bakkefean leit yn it eastlike streamgebiet fan it rivierke Keningsdjip dat eastlik fan Bakkeveen ûntspringt. De beekdelte fan dit Keningsdjip wurdt opnij ynrjochte wêrby't de beek syn oarspronklike kronkeling weromkrije sil.
Slotpleats [bewurkje seksje]
Yn Bakkefean stiet it histoaryske lângoed Slotpleats út 1818, temidden fan prachtige bosken. It wurdt no brûkt as Teehûs en as startpunt fan de ekskurzjes fan Natuermonuminten yn de bosken by Bakkefean. Efter de Slotpleats stiet it âlde koetshûs dat nei in renovaasje brûkt wurdt as VVV-kantoar. De Slotpleats sels is yn 2006 resteaurearre en de tunen en hôven om it lânhûs binne yn âlde swidens opknapt.
Yn de slotpleatsbosk leit de Stjerreskâns, in seishoekige skâns dy't grif yn de 18e ieu oanlein is. It fermoeden bestiet dat hy nea in militêre finksje hân hat en oar oefendoeleinen oanlein is, alhoewol't dizze skâns oan de ieuwenâlde Beakendyk leit; yn earder tiden ien fan de pear heger lizzende trochgongen op de moerassige rûte fan de Fryske stêden nei Drinte. Dit soe betsjutte kinne dat de Stjerreskâns wol in ferdigeningsfunksje hân hat.
Neist de neamde Stjerreskâns leit in grut, ûndjip heidemarke. Winterdeis as der riden wurde kin is it iis al gau fertroud en kin der op dizze stjerrebaan riden wurde tsjin de boskrâne fan de Slotpleatsbosk.
Monumint [bewurkje seksje]
Mei njoggen oaren waard keunstner Hendrik Nicolaas Werkman yn 1945 yn Bakkeveen fusillearre troch in Dútske fjoerpeloton, trije dagen foar de befrijing fan Noard-Nederlân. De redenen foar syn arrestaasje en eksekúsje binne noait goed dúdlik wurden. Hy leit begroeven op it begraafplak fan Bakkefean en yn it doarp stiet in monumint as oantinken oan de tsien fusillearden.
Mienskip [bewurkje seksje]
Ferienings [bewurkje seksje]
- De Twakamp - folkstúntsjes
- Dúnsjongers - koar
- Nij Begjin - toaniel
- Kwiek - gymnastyk
- Vitesse - dowen
- VV Bakkefean - fuotbal
- Follybalferiening Bakkefean
Befolking [bewurkje seksje]
Rekreaasje [bewurkje seksje]
Bakkeveen stiet tsjintwurdich foaral bekend as rekreaasjegebiet mei attraksje- en fakânsjeparken. Troch it toerisme hat Bakkefean in goed foarsjenningennivo as bygelyks in grutte supermerk en goed busferbiningen mei Drachten en Assen. Der is no ek in spesjaal boskpaad foar rôlstuollers. It paad is sawat 1.5 km. lang en begjint en einicht by de útsjochtoer flakby it swimbad Dúndelle.
Attraksjes [bewurkje seksje]
- Doalhôfpark mei útsjochtoer
- Dúndelle - iepenloftswimbad
- 't Mandeskar - ferfeantershúske en in bysûndere tún.
- Duinen Zathe - attraksjepark
-
Skotske Heechlanner by (Allardseach)
-
Poepedobbe, pingoruïne yn de Bakkefeanske dunen
Ferskaat [bewurkje seksje]
- Yn Madurodam stiet it gebou fan de Folkshegeskoalle Allardseach.
Strjitten [bewurkje seksje]
Alle strjitten yn Bakkefean.