Lyts Grins

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Lyts Grins is in buorskip yn de gemeente Opsterlân. Lyts Grins leit noardeastlik fan Donkerbroek oan de N381 nei Wynjewâld.

De Opsterlânske Kompanjonsfeart makket yn Lyts Grins nei de brêge in heakse hoeke. Der stiet noch in âld molkfabryk, dy't al desennia lang net mear brûkt wurdt. Hy is ûntstien as "turfstekkersdoarp" mei arbeiders út Grinslân. De namme komt ek foar as Klein Groningen.

De buorskip wurdt yn twaën spliten troch de N381. Mei de takomstige ferlizzing fan de wei komt der ek wer romte foar de buorskip om in gehiel te foarmjen. De buorskip is benammen bekend troch de earste trajektkontrole fan Nederlân dy't dêr delsetten is.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen