Koartsweagen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Koartsweagen is in doarp yn de gemeente Opsterlân. Koartsweagen heart ta de himrik fan De Gordyk, it leit oan de N392 yn it súdeasten fan De Gordyk. It doarp is troch de grutte útwreiding fan de Gordyk oan de flekke fêstgroeid. Tusken 1954 en 1964 sakke it ynwennertal fan 1110 nei 953. Yn de jierren fyftich is de haadfeart tichtsmiten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Tsjerke

De tsjerke fan Koartsweagen is yn 2010 restaureare. Yn 2010 wurdt begûn mei de restauraasje fan de dakruter. Der binne twa hearebanken yn de tsjerke foar de fâden fan eartiids en in preekstoel. Oant ein 19e ieu stie der in klokkestoel by de tsjerke. Yn 1896 binne de klokken dêrút ferkocht. Ien fan dy klokken, in ryk fersierde 12e of 13e ieuske klok, stiet bekend as de âldste klok fan Nederlân en stiet yn it klokkenmuseum yn Asten, yn Noard-Brabân. Der stiet ûnder mear in grut Marijemonogram op de klok en yn spegelbyld de tekst Ave Maria. Dizze Marijeklok komt nei alle gedachten út de Marijekapel dy't yn de Midsieuwen yn Koartsweagen stien hat. De hjoeddeiske klok yn de dakruter is fan 1947.

[bewurkje seksje] Joadsk begraafplak

Om 1800 hinne hat de Joadske gemeente fan de Gordyk yn Koartsweagen oan de Dwersfeart in stik lân oankocht foar in begraafplak. Yn 1947 is de joadske gemeente gearfoege mei dy fan Ljouwert. De gemeente Opsterlân hat it joadske begraafplak noch yn ûnderhâld.

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Toanielselskip Ienfâld en Freonskip" is 18 septimber 1932 oprjochte yn Koartsweagen.
  • Yn Koartsweagen stiet de Gordykster sporthal.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen