Wurkferskaffing

Ut Wikipedy
Wurkferskaffing yn de 17e wyk ûnder Jobbegea
Pamflet út 1907 dat opropt om mei te dwaan oan wurkferskaffingsprojekten
Artikel yn it Leidsch Dagblad fan 20 maaie 1938 oer de ferbeteringen oan de Beersche Maas en de rol dy't 1850 wurkleazen dêrby spilen

Wurkferskaffing is it yn organisearre ferbân organisearjen fan projekten en jou wurkleazen in nuttige tiidsbesteging. Hoewol't it begryp wurkferskaffing al yn de 19e iuw brûkt wurdt, is it foaral bekend troch de krisisjierren, de jierren 1930 - 1940. Yn dat tiidrek wie der oer gâns de wrâld hinne in soad wurkleazens. Yn Sydney, Austraalje waard bygelyks de Sydney Harbour Bridge boud as wurkferskaffingsprojekt.

Wurkferskaffing waard opsetten troch gemeentlike en partikuliere inisjativen. It wurk bestie út balstiennen klopje, wegeferbettering en flaaksbraken. Letter waard oergien op it oanmeitsjen fan woaste grûn, benammen yn East-Fryslân. Yn de krisisjierren foar de Twadde Wrâldoarloch wie der in soad wurkferskaffing. It wurd ferdwûn letter. Nammerste mear de arbeidsmerk reden joech, waarden mei stipe fan it ryk saneamde 'oanfoljende wurken' útfierd. Dy bestiene njonken it lânmeitsjen bygelyks út lânoanwinning, it oanlizzen en ferbetterjen fan wegen, ruilferkavelingswurken, it fannijs oanmeitsjen fan lân, it oanlizzen fan sportfjilden, iisbanen, swimbaden en begraafplakken. Troch de reedlike grutte wurkleazens hie dy ferromming fan de wurkgelegenheid yn Fryslân ek nei de oarloch in reedlik grutte betsjutting.

Striidkwestje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de wurkferskaffing krigen de wurkleazen gjin echte baan oanbean, mar waarden hja fan de oerheid ferplichte om swier wurk út te fieren. Benammen yn sosjalistyske fermiddens waard de wurferskaffing as in foarm fan útrûpeljen sjoen. It wie faak swier wurk ûnder minne omstannichheden, mei wurkwiken fan sa'n 50 oeren en in leech fertsjinst. Yn 1939 leinen de leanen tusken de € 6,50 en € 8,00 yn 'e wike. It regear stjoerde de wurkleazen mei opset sin nei projekten fier fan hûs sadat hja allinnich sneontejûn en sneins thús wêze koenen.

Wurkleazen dy't wegeren of it wurk net úthâlde koenen krigen gjin stipe en moasten fan earmesoarch lûke dat yn dy tiid as in skande sjoen waard. In protte wurkferskaffingsprojekten hie de Nederlânske Heidemaatskippij (de Heidemij) de lieding oer. De oerheid bepaalde de projekten, de wurktiden en de leanen, de Heidemij hold tafersjoch op de arbeiders. Heidemij meiwurkers hjitten, betellen it lean út en holden kontakt mei de oerheid. De opsichters fan de Heidemij waarden troch de arbeiders 'stoklopers' neamd, om't sy faak in stôk by har' hienen. By skeel mei in stôkrinner koe men hurd dien krije, dat de measte arbeiders joegen harren del ûnder it rezjym. Dien krije betsjutte ommers earmesoarch.

Yn de twadde helte fan de 30er jierren kaam der hieltyd mear krityk op de wurkferskaffing, de arbeidsomstannichheden waarden ûnminsklik fûn. Yn in betinkboek fan de Heidemij út 1946 wurdt skreaun: "De Heidemij is wellicht wel eens wat onbewogen geweest in jaren, toen meer bewogenheid ons volk ten goede zou zijn gekomen." mar seit neikommend: "Doch waar wij moeten zeggen dat de Heidemaatschappij haar plicht strikt heeft vervuld, zou het menigeen onzer liever zijn, wanneer wij konden zeggen dat wij in de periode van de werkverschaffing het woord had genomen en in een gericht betoog andere wegen had aanbevolen." Yn it jubileumboek by it hûndertjierrich bestean fan de Heidemij (letter Arcadis) komt dy krityk net mear foar. [1]

Yn 1936 stelde minister Marcus Slingenberg in rûlearingssysteem yn. Arbeiders koenen doe ôfwikseljend stipe krije en yn de wurkferskaffing oan de gong. Yn 1939 waard fanwegen it regear de Rykstsjinst foar de Wurkferromming oprjochte.

Nei de oarloch wie de wurkleazens ek tige grut en waard de wurkferskaffing op 'en nij ynsteld, mar krige in oare namme: Dienst Uitvoering Werken yn 't koart D.U.W.

Foarbylden fan wurkferskaffingsprojekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De centrale rol van de Heidemij bij de werkverschaffing, Maandblad Land en Stad, septimber 2001