Bremen (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Bremen
Bremen-rathaus-dom-buergerschaft.jpg
Sifers
Ynwennertal 546.525 (2013)
Oerflak 325,42 km²
Befolkingstichtens 1.679,4 km²
Hichte 11,5 m. boppe seenivo
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Bremen (dielsteat)
Oar
Tiidsône UTC +1
*Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 5' NB, 8° 48' EL
Webside www.bremen.de
Bremen
De Bremer stedsmuzikanten
De Weser yn Bremen
stedhûs
Überseemuseum
It Roland Monumint

Bremen is in stêd yn Noard-Dútslân dy't tegaearre mei Bremerhaven de dielsteat Frije Hânzestêd Bremen foarmet. De stad hat sa'n 540.000 ynwenners (2004). De stêd bestiet út 5 distrikten (Stadtbezirke) mei 23 stedsdielen

Bremen stêd leit oan beide kanten fan de Wezer, de rivier dêr't de âlde hânzestêd wierskynlik har bestean te danken hat. De rivier ferbredet him just foarby de stêd en makket de stêd berikber foar seeskippen. De havenaktiviteiten binne tsjintwurdich benammen yn Bremerhaven, dat 60 km noardliker en fuort oan see leit.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Bremen.

Bremen waard foar it earst fermelden yn 782. Fiif jier letter stifte Karel de Grutte der in bisdom en waard de stêd in steunpunt foar de kerstening fan Noard-Europa. Yn 1260 sluet de stêd har foar de earste kear oan by de Hânze, mar konflikten mei oare hânzestêden makken dat Bremen oan trije kear ta út it ferbûn setten waard. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Bremen by loftbombardeminten foar mear as de helte ferwoaste.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

De namme fan Bremen is ferbûn oan it mearke fan de Bremer stedsmuzikanten. De muzikanten wurde mei in stânbyld eare. In oar symboal fan de stêd is de figuer Roland, waans stânbyld út 1404 de frijheid fan de stêd symbolisearret. Beide bylden stean foar it riedshûs, in wichtich goatysk bouwurk út deselde perioade mei in fasade yn de styl fan de Wezerrenêssânse. It Roland-byld en it âlde riedshûs steane sûnt 2004 tegearre op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. It riedshûs wurdt tsjintwurdich brûkt troch it dielsteatsregear.

Bremen hat in fleanfjild (sûnt 1920), in universiteit (sûnt 1970) en in fuotbalstadion (Weserstadion) fan fuotbalklub Werder Bremen. De grutste private wurkjouwer yn de stêd is autofabrikant Daimler.

Keunst en kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Museums[bewurkje seksje | edit source]

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | edit source]




Berne yn Bremen[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bremen fan Wikimedia Commons.