Skoatterlânske Kompanjonsfeart
De Skoatterlânske Kompanjonsfeart, earst neamd Grift, is in wetter tusken De Knipe en de Nije Wei by Aldhoarne. Eartiids rûn it oan de âlde tramline Wynjeterp-Donkerbroek ta. It is in feanfeart.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1551 begûn men foar de feanûntginning yn It Hearrenfean fan de Hearresleat yn eastlike rjochting te graven, lâns de doarpen De Knipe, Bontebok, Jobbegea - mei in ôfsplitsing rjochting De Tsjonger - en Hoarnstersweach. By Bontebok, Aldhoarne en Jobbegea wienen slúskes.
Tusken De Gordyk en Donkerbroek rint de Skoatterlânske Kompanjonsfeart bylâns de Opsterlânske Kompanjonsfeart.
Yn de feart leine fjouwer slûzen om it hichtefreskil te oerbrêgjen. De feart hie twa funksjes: it gebiet koe der troch ûntwettere wurde en waard brûkt foar ferfier. De turf waard ôffierd mei skûtsjes en it kanaal wie, by gebrek oan wegen, de ienige wize fan ferfier.
Yn de jierren 60 waard it gedielte tusken It Hearrenfean en De Knipe tichtsmiten. Der is gjin trochgeande skipfeart mear mooglik.