Warniahuzen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Warniahuzen is in buorskip yn de gemeente Boarnsterhim. Warniahuzen leit oan de Sjoukesleat, noardeastlik fan Aldeboarn. De namme komt ek foar as Warniahuizen, Warnia huysen, Wangiahuizen, Wantengha huzem en Wangehuysen, fan de famyljenamme Wantinga.

[bewurkje seksje] Mûne

De spinkopmole fan Warniahuzen bemealde yn it ferline de eardere polder Krieke. It is de bedoeling om de mole te restaurearjen en dêrnei oer te bringen nei It Eilân, benoarden Goaiïngahuzen. Dêr sil de Stichting Molens de Lege Midden him in nije funksje jaan.

Dy spinkop wie lang de grutste spinkop fan Nederlân, mar tsjintwurdich is it 'Dorus Mooltsje' grutter.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels