Festus Hommius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Festus Hommius

Festus Hommius ( Jelsum, 10 febrewaris 1576 - Leien, 5 july 1642 ) wie in teolooch en predikant. Hommius is berne as Fetse Hommes en wie de soan fan Homme Homminga Sixtuszn. en Anna Schierhusius Fetzedr.

Yn 1593 waard er studint teology yn Frjentsjer. Dêrnei La Rochelle 1595 en Leien 1596. Hy hat predikant west yn Warmond om 1597 hinne, Dokkum (1599) en Leien (1602).

Hommes wie skriba by de Dordtske Synoade en krektas Johannes Bogerman in fûl tsjinstanner fan de Remonstranten. Doe't Cornelisz as meiwurker oan de Steatebibel yn 1619 stoar naam Hommes syn wurk by it oersetten fan it Nije Testamint fan him oer.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]