Clara Feyoena van Raesfelt-Van Sytzama

Ut Wikipedy
Clara fan Raesfelt-fan Sytzama (1745)

Clara Feyoena (barones) van Raesfelt-Van Sytzama (Friens, 5 april 1729 - Heemse, 1 septimber 1807) wie in Nederlânske dichteresse. Har bekendste gedicht is Wij knielen voor uw zetel neer dat as liet 231 opnaam is yn it Lieteboek foar de Tsjerken.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bernetiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clara fan Sytzama waard berne yn 1729 op Beslingastate by Friens[1] as de dochter fan Pyrrhus Wilhelmus fan Sytzama en Isabella Juliana fan Humalda. Pier Willem fan Sytzama (Heemse, doopt 21 oktober 1688), syn oarspronklike namme, wie offisier yn it Nederlânske leger en deputearre fan de Steaten-Generaal. Hy hie sels ek in dichtbondel skreaun. Clara fan Sytzama har mem stoar doe't hja ien jier wie. Har heit troude twa jier letter op 'en nij en gie doe mei Clara en har âldere broer Pico Galenus yn by Geertruida Foek fan Burmania op de Tammingaboarch yn Bellingeweer. It fertriet fan har mem net kend te hawwen en it feit dat Clara har styfmem net in goede mem fûn docht bliken út in letter skreaun gedicht fan har:

Toen ’t moederhart mij wierd onttoogen
Daar pas mijn oog haar had aanschouwd
Zag God toen zonder mededoogen
Aan welk een Wreede ik wierd toevertrouwd? Clara Feyoena [2]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan de styfmem yn 1738 waard Clara fan Sytzama tabetroud oan de gûvernante Alida Tegneus. Dizze frou hat in soad ynfloed hân op har skriuwerij. Clara har âldste gedicht is fan 1741, en yn 1744 hat sy teagearre mei har gûvernante in gedicht makke foar in bondel fan in freondinne fan Alida Tegneus. Clara Feyoena hat Alida as in goede mem belibbe dêr't hja in protte fan leard hat:

Mij heugt haar gulden les, in kinderlijke jaren,
om ‘s werelds holle ze voorzigtig te bevaren
bij ‘t licht van ‘t Goddelijk Woord. Clara Feyoena [3]

Clara har heit wie grutsk op syn dochter en besoarge har de learmaster Justus Conring, in studint fan mar 21, dy't op in goede namme stie. Clara en Justus rekken fereale, mar in houlik koe net omdat Justus net fan adel wie. Boppedat hearde Justus syn heit by de Steatsken, wylst Clara's heit ien fan de foarmannen fan de Prinsgesinden yn Grinslân wie. Yn de jierren 1747-1749 wie de tsjinstelling tusken beiden tige grut, om't steedhâlder Willem IV dit amt doe ek bûten Fryslân krige. Justus krige dien as learmaster, sadat Clara en hy út elkoar rekken. Hy hie slim te lijen fan leafdesfertriet en stoar yn desimber 1748 oan tuberkuloaze. Dit gong de doe 19-jierrige Carla kâld troch de lea. Hjiroer skreau sy:

Onschatbaar vriend, aan mij ontrukt
ach, had ik aan Uw zij van d’aarde mogen schreien,
maar neen, vroege zeegge is u, niet mij gelukt,
ik moest op Uwe tombe een zee van tranen schreien. [3]

Ek letter hat sy noch oer dit barren skreaun, sa as yn it album Gedichten.

Fanôf 1750[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clara wie tige swiersettich, faaks meast troch de dea fan Justus. Har heit stjoerde hat nei syn broer Jan Andries fan Sytzama (Heeemse, doopt 30 novimber 1690). Dêr moete hja Isaac Reinder baron fan Raesfelt tot Heemse (Heemse, doopt 7 febrewaris 1723), soan fan Evert Elbert Anton van Raesfelt en Jacoba Hendrietta van Uitterwijk, kaptein yn it Nederlânske leger. Se trouden op 6 septimber 1750 yn Bellingeweer (ûnder Winsum) en setten har' nei wenjen op 'De Alerdinck' by Heino, mar ferfarden al yn 1753 nei Heemse (by Hardenberg).

It houlik bleau oerflakkich[4], mar yn 1757 waard in dochter berne, Armgert Ebella Juliana, en dat feravensearre Clara Feyoena wat. Ek besocht hja treast te finen yn it dichtsjen. Yn 1775 troude har dochter mei de greve Christiaan Lodewijk van Rechteren, mar nei de berte fan it twadde bern stoar sy. Ek doe koe Clara treast yn de dichtkeunst fine, en naam hja de fersoarging fan har twa bernsbern op 'e noed. Nei har dichtalbum Bellingeweerster Uitspanningen, dêr't hja sels net sa tefreden oer wie, skreau hja yn 1774 fjouwer sangen oer Heemse. Dy waarden op oanstean fan kunde yn 1783 yn in album útbrocht, ûnder de titel Heemse: Hof-, Bosch- en Veldzang. De jierren 1792 en '93 belibbe Clare it hichtepunt as dichteresse en yn 1794 kaam har tredde bondel Gedichten út. Yn 1801 stoar ek noch har beppesizzer, in jonkje.

Koart foar har dea skonk hja in tsjerke-oargel oan de Nederlânsk-herfoarme tsjerke fan Heemse, de Sint Lambertustsjerke, dêr't hja op sette liet: Gegeven uit liefde voor den godsdienst, 17 juli 1807. Dit oargel waard yn 1917 ferkocht oan de tsjerke yn Pesse en is no eigendom fan de Nederlânske-herfoarme tsjerke yn Lochem.

Nei har dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clara Feyoena waard bedobbe yn Heemse, mar it is net krekt bekend wêr.[5] In grêfstien is der net en it is ek net bekend at dy der ea west hat, en oft de Frânske tiid, doe't noch al wat aadlike grêfstiennen skeind of ferdwûn binne, dêr mei te krijen hat.[6] Op it âld stee fan it Hûs Heemse stiet no in fersoargingshûs dat nei har neamd is, it Clara Feyoena Heem. Yn Winsum is in strjitte nei har neamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sytzama, Clara Feyona baronnesse van op de webside fan de digitale bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
  2. Sytzama, Clara Feyoena van op it webstee fan it Instituut voor Nederlandse geschiedenis
  3. 3,0 3,1 Clara Feyoena van Sytzama op de webside fan de Historische Vereniging Winsum Obergum
  4. Het lied van de ongelukkige douairière Van Raesfelt (23 july 2007) webstee Nederlands Dagblad
  5. Clara Feyoena Van Sytzama op it webstee fan Stichting Dodenakkers.nl
  6. In de voetsporen van Clara Feyoena op de webstee fan Weekkrant Hardenberg.nu