Aldebiltsyl

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aldebiltsyl
Flagge fan Aldebiltsyl Wapen fan Aldebiltsyl
Flagge Wapen
Lokaasje fan Aldebiltsyl
Gemeente It Bilt
Ynwennertal (2004) 740
Webstee Webstee Aldebiltsyl
de himrik fan Aldebiltsyl

Aldebiltsyl (Biltsk: Ouwe-Syl) is in doarp yn de gemeente It Bilt, by de eastein fan de Aldebiltdyk. It leit benoarden Sint Anne. It doarp hat likernôch 740 ynwenners ( 2004 ).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

De namme komt fan syl = slûs. Sûnt 1948 is Aldebiltsyl offisjeel in doarp. Hjir begûn yn 1505 de oanlis fan de Aldebiltdyk. Foar de ynpoldering waarden minsken út Súd-Hollân oanlutsen, dêrtroch hat it Bilt in eigen mingtaal:It Biltsk. By de útwetteringsslûs fan de Ouwe Rij nei see waard Ouwesyl stifte. Pas yn 1948 waard de delsetting de status fan doarp. Om 1960 luts in diel fan de befolking fuort troch de lânboumeganisaasje sadat de wurkgelegenheid minder waard. Yn de frijkommende húskes kamen doe forinzen, minsken út de Rânestêd en Dútse toeristen wenjen. Oan De Ryd,Berjocht:Dn it wetter troch Aldebiltsyl, stie sûnt 1527 it hûs fan de aksynsmaster dat it Keuningshuus neamd waard. It hûs stiet de net mear, mar de wyk hjit noch de Keuningsstreek.

Om Aldebiltsyl wurde in soad jirpels ferboud en eksportearre nei it bûtenlân. Earder stie hjir ek in bûterfabryk. De Syl is it doarpssintrum.

[bewurkje seksje] Mienskip

Yn it dykdoarp stiet 'De Wite Klok'. In multyfunksjoneel gebou mei romte foar wikseleksposysjes en in fêste presintaasje oer de bediking fan It Bilt yn it argeologysk stipepunt. It Minnistetsjerkje is part fan it kompleks. It is in unyk gebou omdat de tsjerke tsjin de dyk oanboud is en al yn 1636 as fermanje brûkt waard. Pas yn 1906 krige it tsjerkje in houten tuorke. In aardige anekdoate is dat de Aldebiltsylsters yn 1909 sa bliid wienen dat Prinses Juliana berne wie, dat se de klok sa fûleinich letten dat dy stikken rekke. Troch in skinking fan it Keninklik Hûs koe der in nije klok komme. Dêrom hjit de tsjerke no noch altyd ‘Julianatsjerke'.
It doarpskafee hjit it Graauwe Paard.
De bekendste Aldebiltsylster is grif Edwin Rutten (Ome Willem). Dy hat mei syn frou, operasjongster en direkteur fan it Ynternasjonaal Fokalisten Konkoers yn De Bosk, in hûs oan de Aldebiltdyk.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • LUNB - it âldste lêsselskip fan Nederlân (Ledige Uren Nuttig Besteed) lêsselskip oprjochte yn 1792. Trije seksjes fan 12 manlike leden: jonge- middelbere- en âlde hearen.
  • Muzykferiening Exelcior - oprjochte yn 1894 mei 31 leden (2010)
  • Streetdancegroep sûnt 2008.
  • Toanielferiening Toi Toi Ouwe-Syl - yn 1973 ûntstien fanút muzykferiening Crescendo (opheft) mei 23 leden (2010)

[bewurkje seksje] Bands

  • Mudbirds
  • Feetwarmers
  • To Go Lucky

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Berne yn Aldebiltsyl

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Aldebiltdyk - De Aldebiltdyk (ek wol Alde Biltdyk en yn de folksmûle neamd Ouwe Dyk) is in yn 1505 oanleine dyk yn de gemeente It Bilt.
  • A C Bakkerstrjitte -
  • Atteswei -
  • Burdinewei - Burdine is in âlde namme foar De Boarn.
  • Klaine Kaizer Padsy - ferbynt de Monnikebiltdyk mei de Krelis Annesstrjitte. Nei Gerrit Keizer(*1874) dy't syn lingte fan 96 sintimeter en gewicht fan 20 kilo brûkte om de merken ôf te reizgjen en sa oan de kost te kommen mei syn handikap.
  • De Kolk - nei de kolk fan de slûs.
  • Ds. Schuilingstrjitte - Op de hoeke stiet de eardere Doopsgesinde tsjerke, werkenber oan de julianatoer dêr't no it Bildts kultuurtoeristysk "Informasysintrum"yn sit. Hjir sitte ek in doarpswinkel en in loazjemint yn.
  • Ds. Marinus Mooijstrjitte -
  • Keuningsstreek - Yn it Keuningshuus wenne eartiids de aksynsmaster dy't de aksysns foar de keizer of kening ynbarre moast.Dit Keuningshuus waard yn 1932 ofbrutsen. Troch de strjitnamme wurdt dúdlik dat Aldebiltsyl eartiids in seeehavenplak wie. Oant 1973 wie oan de strjitte de merk. No allinnich noch in bradery dy't om it jier hâlden wurdt.
  • Kodyk -
  • Kr Annesstrjitte - Cornelis (Krelis) Annes wie timmerbaas yn Aldebiltsyl yn 1717 en bewarre de omkriten foar in oerstreaming.
  • Leijsterstreek -
  • Monnikebildtdyk -
  • Nijebildtdyk -
  • Readpaad - Oflaat fan de kleur fanit pún dat foar it ferhurdzjen brûkt waaard. Dit pún kaam fan it yn 1919 ôfbrutsen "tichelwurk" fan de bruorren Watse en Kornelis Bierma. Yn dit tichelwrk waarden reade bakstiennen bakt.
  • Tjeerd Thijssenstrjitte - Tjeerd Thijssen Polstra (Hallum, 8 desimber 1783 - Froubuorren, 17 septimber 1843 ) wie earmfâd fan it earmhûs yn Froubuorren. Hy sette him tige yn foar de befeiliging fan de syl yn Aldebiltsyl. By de stoarm fan febrewaris 1825 wie it mei oan Polstra te danken dat de ringmuorre dy't op de Aldebiltdyk by in pleats lâns stie, ôfbrutsen wurde koe en dat de stienen yn sekken kamen. Dêrnei smieten se de sekken yn it wetter, om it wetter fan de slûs te kearen. Letter is Tjeerd Thijssen dan ek tasichthâlder fan "de Syl" wurden.
  • Van Albadawei - hjiroan stie tusken 1857-1927 in nôtmûne.
  • Van Egmondstrjitte - Generaal Arend fan Egmond, dy't fan greve Albrecht fan Beieren It Amelân as beleanning krige foar syn wurk as generaal.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen