Nes (Dongeradiel)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nes
Flagge fan Nes Wapen fan Nes
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nes
Gemeente Dongeradiel
Ynwennertal (2004) 240
Webstee Webstee fan Nes
Nes fan de seedyk ôf
Sicht op Nes
de herfoarme tsjerke
tsjerketoer fan Nes

Nes is in doarp yn de gemeente Dongeradiel en telt likernôch 450 ynwenners. Nes wie oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 part fan de eardere gemeente West-Dongeradiel.

It doarpke leit yn de buert fan de Waadsee, likernôch 8 kilometer noardlik fan Dokkum. De neiste buordoarpen binne Wierum, Easternijtsjerk en Peazens/Moddergat. Fia de Nesser Opfeart hat it doarp ferbining mei de Peazens.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

In Nes is in útstekkende lânpunt, en komt grif fan it wurd 'noas'. Nes sil dus op in útstekkende lânpunt lein hawwe. It wurdt foar it earst neamd yn 1369 as Nesse. Yn 1453 wurdt in Pijbe ter Nesma neamd, yn 1466 wurdt it skreaun as Nees. Yn 1511 en oare 16e ieuske kaarten treffe wy de namme Nes(s) oan. It buorskip Nesser Grouw is dan in ûnderdiel fan it doarp.

It gebiet is yn de 12e ieu bedike, en de âldste bewenningsresten fûn yn de omkriten fan Nes binne ek fan dy tiid. De markante bakstiennen tsjerke fan it doarp is boud yn de 13e ieu.

Yn 1639 wurdt der foar it earst sprutsen fan in nôtmûne yn Nes. Yn 1734 waaide dizze standertmûne om en waard er ferfongen troch in achtkante mûne mei omrin, dy't yn 1891 ôfbaarnde. De nije mûne fan 1897 hat tsjinne oant 1945, de stiennen ûnderbou is sloopt yn de jierren 1970. [1]

Súdwestlik fan it doarp leit de beskerme terp Wie. Neffens de Schotanuskaart leinen dêr trije stimhawwende pleatsen. Wopke Eekhoff neamt ien dêrfan Wat State.[2]

[bewurkje seksje] Nynke fan Hichtum

Nes is it berteplak fan de berneboekeskriuwster Nynke fan Hichtum, benammen bekend fan De tsien fan Martens Afke, de earste frou fan Pieter Jelles Troelstra. Op de hoeke Haadstrjitte /De Kamp stiet sûnt novimber 1997 ta oantinken in boarstbyld fan har, makke troch Hans Jouta.

[bewurkje seksje] Mienskip

Doarpsferiening Nes hat har gearkomsten yn Doarpshûs De Nespel en doarpskrante hjit NesNijs. Der is in aktiviteitenkommisje, in Grienkommisje en in Keatskommisje. De tarissing is de doarpsskoalle.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Nesser Amateurtoaniel
  • De Koarte Keu - biljerten
  • Gymnastykklup

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Keunstners

Yn de eardere iepenbiere skoalle eksposearje in wikseljende keunstners harren wurk ûnder de namme Gang. Dielnimmers wienen ûnder oare:

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • De tulpen yn de flagge ferwize nei de tulpen dy't earder maitiids de lannen om it doarp kleurden.
  • By Nes stienen eartiids ek pleatsen mei seehynderkes ynstee fan swannehalzen op de ûleboerden.

[bewurkje seksje] Strjitten

  • Achterwei -
  • , De Beerstrjitte - Ids de Beer
  • De Kamp -
  • De Kop -
  • Dyksterwei -
  • Foarstrjitte -
  • Haadstrjitte -
  • Keatsbuorren - yn it ferline ek Middelbuorren en Doarpsstrjitte neamd. Yn it boek Nes in doarp yn 'e Dongeradielen fan Krine Boelens 1949-1950, en ek yn Om Nijtsjerk en Nes hinne fan J. Hartmans 1974 waard skreaun oer de keatspartijen dy't hjir spile waarden. Eartiids wie it wizânsje dat it keatsen begûn mei en jiermerke, op snein nei de mis yn de Nessumer St Johannes de Dopertsjerke. Der waard dan keatst om skiepfleis en oar iten, wêrby't ek in oantal kreammen opsteld stiene yn de Middelbuorren.
  • Meinsmawei -
  • Molebuert -
  • Molewei -
  • Nijewei -
  • Noarderwei -
  • Nykerksterwei -
  • Nynke van Hichtumstrjitte - skriuwster Nynke van Hichtum
  • Sybespaad -
  • Wierumerwei - nei it doarp Wierum
  • Wiesterwei -
  • Wâldwei -.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Keune, Molens s. 46-50. Wijnja, Windmolens, Nes
  2. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, Nes. Steatsútjouwerij, De Haach 1983
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen