De Westhoek

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Westhoek
Flagge fan De Westhoek Wapen fan De Westhoek
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Westhoek
Gemeente It Bilt
Ynwennertal (2006) 280
Webstee Oost-Westhoek
Fiskers fan De Westhoek

De Westhoek is in doarp yn de gemeente It Bilt, oan de westein fan de Aldebiltdyk. It doarp hat likernôch 280 ynwenners (2006). Der wurdt meast Biltsk praten.

Yn 1625 skriuwt Westendt van 't Belt, dit is dan de tsjinhinger fan Oosthoek. Yn 1715 stienen der sa'n 185 oan de Aldebiltdyk, letter binne der yn weagen groepen huzen by boud. Sawat oan de ein fan de dyk op nûmer 1222 stiet "Strandhuis" in gemeentlik monumint.

Weach fan ûnrêst[bewurkje seksje | edit source]

De Golf van Onrust is in monumint ta neitins oan de oprjochting fan "Bruorretrou". Dat earste bûn fan lânarbeiders waard yn 1889, middenyn de lânboukrisis, oprjochte yn herberch ‘De Zalm’ yn de Westhoek. "In 'n landbou-gemeente as 't Bildt ferdienden, tot an de sterke meganisasy, 'n soad erbaaiers 'n stikky broad. Sij waren evenwel onmondig. In de jaren fan Domela Nieuwenhuis (+- 1880) kwam hierin wat ferandering. De erbaaiers worden hur bewust, dat 't soa niet langer kon. D'r ging 'n golf fan onrust deur de befolking. Stakings, branden, militerebesettings waren 't gefolg. De erbaaiersbeweging "Broedertrouw" worde opricht. Dut monumint is hier set as herinnering an die tiid fan striid."

Oant 1 jannewaris 1991 wie Westhoek in buorskip ûnder Sint Jabik. Sa koe de Westhoekster skoalle, oprjochte yn 1825, bewarre bliuwe. Doe't de basisskoalle te min bern hie, is yn 2007 fusearre mei de skoalle yn Sint Jabik.

Poerdersramp[bewurkje seksje | edit source]

De Poerdersramp is in monumint dat herinnert oan de poerdersramp fan 25 septimber 1935 op 't Waad boppe de Westhoek en Koehool. "Ferskainen mânlju huurden 'n fissersboat om 'n dag te poeren, 'n form fan sportfissen. De rustige Waddensee ferandere deur 'n opstekende storm in 'n kolkende watermassa. Ondanks 't helfhaftige optreden fan ses Westhoekster fissersloi, waren d'r dochs slachtoffers onder de poerders te betreuren: Bruin Frederik Barendsma, Hendrik Radelaar, Bernardus Tromp en Jacob Verf, allegaar út Luwt."

Doarpswapen[bewurkje seksje | edit source]

Wapen fan Westhoek.jpg

Trochsnien: I opnij trochsnien fan sulver en grien mei yn it skyldhaad, op de dielline rinnend twa efter elkoar oan rinnende reade skiep, it efterste skiep op de midden fan it skyld; II trochsnien fan goud en blau yn de foarm fan in nei lofts oerslaande weach.

Al lang wie der yn De Westhoek in fraach om in doarpswapen. By ien fan de ynlevere ideeën siet it rymke 'n Golf en 'n dyk met skapen, is 't Westhoekster wapen. Om't it sa aardich wie, akseptearre de Fryske Rie foar Heraldyk it as wapenrym, sa't it Bilt dy mear hat. De kleuren binne basearre op de Bildske flagge.

De begroeide griene seedyk mei reade skiep is dien om foar te kommen dat tsjin de heraldyske regels sûndige waard; gjin metaal op metaal (goud [=giel] op goud of sulver [=wyt] op sulver) en gjin kleur op kleur. Dat yn dit gefal gjin wite skiep. Om't brún yn de heraldyk net wênstich is, wie read de tichtst neistlizzende kleur. Boppedat koenen sa alle kleuren fan de Bildtske flagge brûkt wurde.

De skiep binne yn de (heraldyske) rjochterhoeke setten om noch efkes de namme fan it doarp oan te jaan. In Fryske heraldyske eigenaardichheid is it om it skyld as lânkaart te besjen, noard is boppe, west (heraldysk) rjochts; de Westhoek dus.

De weach hat hjir in dûbelde betsjutting; as earste fansels de efter de dyk lizzende see en as twadde in herinnering oan de "Weach fan Unrêst", in monumint hjirre, dat herinnert oan de arbeidersbeweging oan de ein fan de 19e ieu. De weach is yn it goud (giel) setten om de dyk ekstra aksint te jaan en om wer foar te kommen dat kleur op kleur (blau op grien) tapast wurde soe. It goud is ek it symboal foar de "gouden hoep" lykas yn Fryslân de dyk ek neamd wurdt en sa't dy ek yn de ferfallen wapens fan de eardere seewarrende wetterskippen foarkaam (bg. "De Bildtpollen").

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Aldebiltdyk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: