Bouhoeke

Ut Wikipedy

De Bouhoeke is it bougebiet yn it noarden fan Fryslân. It gebiet leit rûchwei benoarden de snelwei Ljouwert - Frjentsjer - Harns. Eastlik fan Ljouwert, yn 'e kuststripe tusken it Bilt en it Lauwersmargebiet (mei as súdgrins de rûngeare line Ljouwert - Dokkum - Ingwierrum), wurdt ek oan bou dien, mar dy krite wurdt ornaris net ta de Bouhoeke rekkene. De Marneslinke, tusken Harns, Surch en Wytmarsum, dy't ierdrykskundich sjoen losstiet fan 'e rest fan 'e Bouhoeke, wurdt ek wol de Lytse Bouhoeke neamd.

Op de klaaigrûn wurde benammen jirpels, sûkerbiten, nôt en koalsie ferboud. Benammen yn It Bilt is it lânskip beynfloede troch it wurk en de hannel yn de ikkerbou. It gebiet is in mozayk fan perselen boulân en pleatsen mei grutte skuorren, dêr't de jirpels en it oare gewaaks opslein wurdt.

Sûnt it ûntstean fan de bou oant de 18e iuw is der net folle feroare yn dit gebiet. Yn de 19e iuw kaam de jirpelbou op en spesjalisearren de boeren har. Troch tanimmende meganisaasje yn de 20e iuw binne in soad minsken fan 'de klaai' ferhuze en rekke it gebiet mear ûntfolke. It oantal foarsjennings waard dêrtroch lytser.

Sûnt de 21e iuw wurde der ek in soad wynmoleparken delsetten omdat it yn de bouhoeke in soad waait en der minder minsken lêst fan hawwe as yn tichtbefolke gebieten.