Grutboer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In grutboer wie eartiids in boer dy't it goed dwaan koe, op in foarname pleats mei in grut lânbesit wenne en ferskate feinten yn 'e tsjinst hie. Sokke boeren kamen fral foar op 'e Klaai, sawol yn 'e Bouhoeke as yn 'e Greidhoeke. De term komt min ofte mear oerien mei it Nederlânske hereboer, al bestie der in grut ferskil tusken de Fryske grutboer en de hereboeren fan it Grinslânske Hegelân en it Aldamt. Behalven yn noardlik en eastlik Grinslân kamen sokke hereboeren ek wol foar yn 'e Grinslânske en Drintske feankoloanjes en yn Sieusk-Flaanderen. Yn 'e Gelderske Efterhoeke waarden hja scholteboeren neamd.