Gunnar Daan

Ut Wikipedy
Gunnar Daan (skildere troch Gerrit Breteler

Gunnar Daan (Plasmolen, Limburch, 15 maart 1939 - Easternijtsjerk, 30 oktober 2016) wie in Nederlânsk arsjitekt en byldzjend keunstner. Hy wenne sûnt 1974 yn Fryslân.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Daan studearre fan 1959 oant 1965 oan de Technyske Universiteit yn Delft. Dêrnei wurke hy foar konstrukteur Civielco yn Leien en arsjitekteburo K.L. Sijmons. Yn 1971 begûn er syn eigen arsjitekteburo. Dat buro siet sûnt 1974 yn Easternijtsjerk en ferhuze yn 2004 nei Burdaard. De namme fan it buro wie Gunnar Daan Doeke van Wieren Arsjitekten, ôfkoarte GDA of GD Arsjitekten. Gunnar Daan ferliet it buro mei 1 april 2005 en waard opfolge troch Bauke Tuinstra. It bedriuw gie yn 2009 fierder ûnder de namme 'TWA arsjitekten'.

Daan syn oeuvre bestiet foaral út wenten. Hy stiet bekend as in eigensinnich arsjitekt dy't him net oanpast oan de smaak fan it publyk en dy't mear jout om it oardiel fan kollega's. Yn 1991 wie Daan ien fan de kandidaten foar it nijbouprojekt oan de Waagstraat yn Grins. Hoewol't syn ûntwerp troch in faksjuery keazen waard, krige it ûnwerp fan de Italjaan Adolfo Natalini 84% fan de stimmen fan de ynwenners fan Grins, wylst mar 9% foarkar foar dat fan Daan hie. Dy gong fan saken makke Daan poerlilk en hy neamde it ûntwerp fan Natalini "Anton-Piekarsjitektuer". Om reden fan de ôfwizing fan syn ûntwerp joech er it foarsitterskip fan de Grinzer wolstânskommisje oer. Fan 1990 oant 1995 wie Daan heechlearaar konstruktive yntegraasje oan de TU Delft.

Daan wenne yn Easternijtsjerk op de pleats Donia Sate.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Colenbrander, Bernard (1995). Gunnar Daan, architect. Utjouwerij 010, Rotterdam. 121, XI s. ISBN 90-6450-217-X. - Monografieën van Nederlandse architecten ; 9.
  • Daan, Gunnar & Dieuwke van Ooij (2001). Een eigen aardig huis. Utjouwerij 010, Rotterdam. 261 s. ISBN 90-6450-412-1.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]