Loadewyk XIV fan Frankryk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Loadewyk XIV
Loadewyk en syn jongere broer Monsieur, de Hartoch fan Orléans
Loadewyk XIV yn 1661

Loadewyk XIV, bynamme 'Le Grand Roi of 'Le Roi Soleil' (de Sinnekening) (Saint-Germain-en-Laye, 5 septimber 1638Versailles, 1 septimber 1715).

Polityk[bewurkje seksje | edit source]

Loadewyk XIV folge syn heit, Loadewyk XIII op doe't er noch in bern wie (14 maaie 1643). Oant 1651 wie syn mem Anna fan Eastenryk regint, mar it feitlik bewâld waard dien troch earste-minster kardinaal Jules Mazarin. Doe't dy yn 1661 stoar gie Loadewyk sels it bewâld fieren. Yn de 54 jier dat Loadewyk oer Frankryk regearre, hat er syn doel om absolute macht te fêstigjen folslein berikt. Syn bûtenlânske polityk wie rjochte op prestiizje fermearderjen en gebietsútwreiding fan Frankryk.

Loadewyk behelle mei in oantal krigen û.o. yn de Njoggenjierrige Oarloch lânwinst yn it noarden en easten (Súd-Flaanderen, de Elzas). Mar de Spaanske suksesjeoarloch tusken 1700-1713/1714 mêde Frankryk folslein ôf sadat Loadewyk by syn dea it lân yn grutte soargen efterliet.

Keninklike almacht fêstige Loadewyk ek op tsjerklik mêd troch it ferneatigjen fan de Hugenoaten harren foarrjochten yn 1685 (Edikt fan Nantes), de bestriding fan de jansenisten it hanthavenjen fan it galikanisme tsjinoer de oermacht fan de paus.

Keunst[bewurkje seksje | edit source]

Fral de earste jierren fan Loadewyks bewâld wienen in perioade fan praal en útlitten (bou fan it paleis fan Versailles). It wie tagelyk it klassike tiidrek fan de Frânske beskaving (Molière, Racine, Lebrun ensfh.). Yn dizze jierren hie Loadewyk ek in lokkige hân yn de kar fan syn meiwurkers, fral Colbert, dy't de finansjele en ekonomyske saken behearde en it koloniale ryk fan Frankryk fierder útwreide, en de Minister fan Kriich Louvois. Generaals as Turenne, Condé en Luxembourg setten syn bûtenlânske polityk krêft by. Neidat dizze grutte persoanlikheden opienfolgjend stoarnen fertsjustere de glâns fan syn regearing.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | edit source]

Loadewyk wie troud mei Maria Theresia, dochter fan de Spaanske kening Filips IV. Hy hie lykwols talrike matressen (Madame de Montespan). Nei de dea fan Maria Theresia (1683) troude hy mei Madame de Maintenon. Loadewyk soarge yn syn libben foar in grutte neiteam. Hy hie seis bern by syn earste frou Maria Theresia en ek noch ferskillende by syn matressen. Loadewyk waard opfolge troch syn pakesizzer Loadewyk XV.

Bekende útspraken[bewurkje seksje | edit source]

Twa útspraken fan Loadewyk jouwe him goed wer: L'état c'est moi ('De steat bin ik') en Un roi, une loi, une foi ('Ien kening, ien wet, ien leauwe').

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: