Hugenoaten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frânse hugenoaten yn Amsterdam, 1715

Hugenoaten is de namme dy't yn de 16e en 17e ieu yn Frankryk jûn waard oan protestanten. De komôf fan it wurd is ûndúdlik. Mooglik ferwiist it nei Besançon Hugues, de lieder fan in revolúsje yn Genêve, of is it in ferbastering fan it wurd "Eidgenossen" dat it net-Frânske karakter fan it protestantisme beklamje wol. It wurd kin ek komme fan 'le Hugon', dat kweade geast betsjut. De katoliken brûkten de term 'hugenoaten' as skelnamme. Letter namen de protestanten yn Frankryk dizze term oer.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De Hugenoaten wiene de Frânkse oanhingers fan Calvijn. Yn it katolike Frankryk kaam it sûnt 1562 ta bluodderige godstsjinstoarloggen, dêr't in protte Hugenoaten by fermoarde waarden. Benammen de Bartholomeüsnacht yn 1572 koste in soad Hugenoaten it libben. De fyfde hillige oarloch tsjin de Hugenoaten begûn op 23 febrewaris 1574, de ferfolging duorre oant 1598. Yn dat jier furdige kening Hindrik IV it 'Edikt fan Nantes' út, dat oan de Hugenoaten frijheid fan religy takende. Hindrik IV hie sels ea Hugenoat west, mar hie him, om de troan bestige te kinnen, bekeard ta it katolike leauwe. Nettsjinsteande de frijheid fan leauwe waard it net feilich foar de Hugenoaten yn Frankryk. Om 1660 hinne beslueten hieltiten mear Hugenoaten Frankryk te ûntflechtsjen. Doe't yn 1685 kening Loadewyk XIV in ein makke oan it Edikt fan Nantes, waarden de Hugenoaten yn Frankryk foar altyd ta net-winske persoanen ferklearre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]