Jeropeeske Mienskip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Jeropeeske Mienskip is de wichtichste fan de twa Jeropeeske Mienskippen; de oare is de Euratom. De Jeropeeske Mienskip en de Eurotom foarmje tegearre de earste pylder fan de Jeropeeske Uny. Oant 2002 wie ek de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel by de Jeropeeske Mienskippen, mar dy is, alhiel neffens it Ferdrach fan Parys, yn 2002 opheven. De Jeropeeske Mienskip is yn 1993 mei it Ferdrach fan Maastricht ûntstien as opfolger fan de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip. De Jeropeeske Ekonomyske Mienskip hie gâns mear taken as inkeld op ekonomysk mêd.

Mei it ratifisearjen fan it Ferdrach fan Lissabon sil de Jeropeeske Mienskip folslein opgean yn de Jeropeeske Uny.

Jeropeeske Unyferdraggen, skiednis
1951 1957 1965 1992 1997 2001 2009
J E R O P E E S K E   U N Y   ( J U )
Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (JMKS)
Jeropeeske Ekonomyske
Mienskip
(JEG)
Jeropeeske Mienskip (JG)
Euratom (Jeropeeske Atoomenerzjy Mienskip)
Trije Jeropeeske Mienskippen: JMKS, JEG en Euratom Justysje &
Ynlânske Saken
 
Polysjele & Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS)
Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (MBFB)
Ferdrach fan
Parys
Ferdrag fan
Rome
Fúzjeferdrach Ferdrach fan
Maastricht
Ferdrach fan
Amsterdam
Ferdrach fan
Nice
Ferdrach fan
Lissabon
"Trije pylders" - Jeropeeske Mienskippen (JMKS, JG, Euratom), Mienskiplik Bûtenlânsk- en Feiligensbelied (MBFB), Justysje en Ynlânske Saken