Stienwikerlân
Stienwikerlân (Steenwijkerland) is in gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 42.358 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in oerflak fan 330,00 km² (wêrfan 40,72 km² wetter).
[bewurkje seksje] Gemeentenamme
Op 1 jannewaris 2001 waarden de gemeenten Iselham en Brederwide oan de gemeente Stienwyk tafoege. De ynwenners fan dy twa eardere gemeenten wienen it lykwols net iens mei de namme Stienwyk. Se joegen oan in namme as "Kop fan Oerisel" of "Stienwikerlân" better te finen omdat by allinnich de namme "Stienwyk" it krekt like oft de gemeenten troch Stienwyk anneksearre wienen. Troch dy protesten is de namme fan de gemeente op 1 jannewaris 2003 feroare ta Stienwikerlân.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak fan de gemeente is Stienwyk, en de oare plakken yn de gemeente binne: Baarlo, Baars, Barsbeek, Basse, Belt-Skutsleat, Blankenham, Blauwe Hand, Bloksyl, De Bult, Doosje, Dwersgrêft, Iestfean, Giteren, Hytfjild, Iselham, Jonen, Kadoelen, Kaleberch, Kallenkote, De Klosse, De Kolk, De Kúnder, Liuwte, Marijenkampen, Moespot, Miggebyt, Nederlân, Aldemerk, Onna, Ossensyl, Paaslo, De Pol, Roekebosk, Ronduite, Skearwâlde, Sint Janskleaster, Stienwikerwâld, Tuk, Follehove, Wanperfean, Wjittering, Willemsoard, Witte Paarden en Súdfean.
[bewurkje seksje] Eksterne ferwizing
| Provinsje Oerisel | |
|---|---|
| Almelo | Borne | Dalfsen | Dimter | Dinkellân | Haaksbergen | Hardenberg | Hellendoorn | Hengelo | Hof van Twente | Kampen | Losser | Oldenseal | Olst-Wijhe | Ommen | Raalte | Rijssen-Holten | Staphorst | Stienwikerlân | Swartewetterlân | Swol | Tubbergen | Twinterâne | Wierden | Ynskedee |
|
| wizig | |
