De Kúnder

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Kúnder
Skâns fan De Kúnder yn de 17e ieu

De Kúnder is in plak yn de gemeente Stienwikerlân yn de provinsje Oerisel. It plak lei eartiids oan de mûning fan de rivierkes De Tsjonger dat troch de Stellingwervers De Kuunder neamd wurdt en De Linde.

De âldste notysjes, wêryn sprake is fan Cuinder, binne fan ûngefear it jier 1100. Mooglik is it tusken 1100-1200 stifte troch Friezen. Yn 1196 waard it troch Willem I fan Hollân ferwoaste en yn 1204 oan de biskop weromjûn. De hearen fan De Kúnder waarden letter selsstannige greven. Yn 1531 waard it beliend mei de Hollânske besittings yn Eastersee en mei it gerjocht yn Monnikendaam. Yn ± 1400 steunde De Kúnder de Skieringers tsjin Albrecht fan Beieren, yn 1407 kocht biskop Freark fan Blankenheim de hearlikheid as útfalspunt foar optreden tsjin Fryslân.

De Kúnder is oant 1973 in selsstannige gemeente en gie doe op yn Iselham. Sûnt 2001 is it in ûnderdiel fan Stienwikerlân. Oan de râne fan De Kúnder leit de Kúnderbosk. Op De Kúnder stiet de eardere Waach út 1776 en de eardere wettertoer út 1933 mei de status fan ryksmonumint.

De ferlerne haven fan De Kúnder[bewurkje seksje | edit source]

De Kúnder wie in in fiskers- en havenplakje, mar kaam by oanlis fan de Noardeastpolder op it droege te lizzen. De Noardeastpolder waard foar in grut part, yn striid mei de Suderseewet, daliks oan it besteande lân (Oerisel) fêstlein, sûnder rânemar dertusken; in beslissing wêr't men letter in soad spyt fan krige. Sa koe it barre dat De Kúnder 'as in fisk op it droege' finzen yn it lân te lizzen kaam. De haven en oanlissteigers lizze sûnttiids op it lân. De steiger leit yn Oerisel, de greide derfoar leit yn Flevolân.

De Kúnderburcht[bewurkje seksje | edit source]

Ek yn de greiden en bosken flak foar De Kúnder yn Oerisel lizze no op it droege de rekonstruearre oerbliuwsels fan in seerôversnêst, de earste Kúnderburcht. De Hearen fan De Kúnder wienen de slimste seerôvers fan Noard-Nederlân, te fergelykjen mei rôfridders is Sweder fan Bentheim, Herbrun fan Putten ('de gisel fan de Feluwe') en Sweder fan Voorst. Harren kastiel lei op it tige strategyske lokaasje ten opsichte fan de Hânzerûtes nei it Eastseegebiet. Keaplju út ûnder oare Danzig (Gdansk) en Hamburch waarden gauris opbrocht en foar losjild op it slot op De Kúnder fêstsetten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]