Donald Trump

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Donald Trump (2008).
Donald Trump mei de frou

Donald John Trump (New York City, 14 juný 1946) is in Amerikaanse sakeman.

Trump gie nei de Wharton School fan de Universiteit fan Pennsylvania, wêrnei't hy yn it famyljebedriuw kaam, dat hannele yn ûnreplik guod. Op basis fan it famyljebedriuw, opboud troch syn heit, makke hy in ympearium yn ûnreplik guod, kasino's, sport, en transport, wêrby't der in soarte satiryske kultus ûntstien is om syn persoan. De namme "Trump" komt werom yn gebouwen dy't hy bouwe litten hat (Trump Tower, Trump Taj Mahal ensfh.) en by gelegenheden komme grutte "T"'s in soad foar yn it dekor.

Yn 1999 hat Trump him ree ferklearre kandidaat te wêzen foar de presidintsferkiezings yn 2000 foar de Amerikaanske Reform Party. Yn 2004 waard Trump de útfierend producer en stjer fan it NBC reality programma "The Apprentice", wêryn hy in opfolger siket foar syn ympearium. Op 16 jannewaris 2007 krige Trump syn eigen stjer op de Hollywood Walk of Fame.

Anno 2010 lit Trump in opnij yn him om gean om te besykjen presidint fan Amearika te wurden liet hy witte oan Fox News. "Dit is de earste kear dat ik der echt foar gean wol", seit de Republikein. "Ik wit it noch net seker, mar it fielt goed." "Ik moat myn stientsje bydrage. Dit lân is fallyt en dat is in feit."

Trivia[bewurkje seksje | edit source]