Nij-Sweden

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Nij-Nederlân en Nij-Sweden
Nij-Sweden yn 1650

Nij-Sweden of Nya Sverige wie in Sweeds-Finske koloanje yn Noard-Amearika fan 1638 oant 1655, om de hjoeddeiske stêd Filadelphia hinne. De Amerikaanske steaten Delaware en Pennsylvania fan no binne út dy Sweedse koloanje ûntstien.

Healwei de 17e ieu wie Sweden in Jeropeeske grutmacht wurden, mei territoria yn it Ruslân, Finlân, Dútslân, Estlân en Letlân fan no. Om de Ingelske en Frânske hannelsmonopoaljes yn Noard-Amearika te omsilen, waard yn 1637 in hannelsmaatskipppij oprjochte dy't yn hannen wie fan Sweedske, Dútske en Nederlânske oandielhâlders. De earste twa skippen mei kolonisten fearen yn 1637 út Göteborg wei en kamen yn maart 1638 by de Delawarebaai oan; dat gebiet wie opeaske troch Nij-Nederlân. De Sweden en Finnen bouden Fort Christina, neamd nei keninginne Kristina fan Sweden, op it plak dêr't no de stêd Wilmington (Delaware) leit.

Om skeel oer lân mei de Hollanners tefoaren te kommen bleaunen de kolonisten westlik fan de Delawarerivier, dêr't Peter Minuit, de earste gûverneur fan de koloanje, it lân opkocht fan de lokale yndianen. De gebieten dy't fan eigener ruilen besloegen de hjoeddeiske steaten Marylân en Delaware en súd-east Pennsylvania. De folgjende tolve jier kamen noch seishûndert Sweden en Finnen (en ek in oantal Nederlanners en Dútsers yn Sweedske tsjinst) yn Nya Sverige oan; de koloanje bestie tsjin 1643 foaral út buorkerijen oan de Delaware Rivier.

Yn 1654 besochten de Sweden om de Nederlânske koloanje te feroverjen troch Fort Casimir te besetten, mar gûverneur Peter Stuyvesant sloech yn 1655 werom en naam de twa Sweedske forten yn, sadat Nij-Sweden by de Nederlânske koloanje kaam. De Sweden hâlden bewesten de Delaware wol frijwat autonomy, oant Nij-Nederlân yn oktober 1664 ferslein waard troch de Ingelsken en de koloanje ophold te bestean (festlein yn it Ferdrach fan Westminster yn 1674). Yn 1682 waard it gebiet troch William Penn offisjeel oan de steat Pennsylvania taheakke.

Gûverneurs[bewurkje seksje | edit source]

Gûverneurs fan de koloanje wienen:

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]