Buorkerij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wurk op it lân.

In buorkerij is in bedriuw dat him dwaande hâldt mei feetylt en/as ikkerbou. Ornaris wurdt in buorkerij fierd fan in pleats ôf, mei it lân drekt by de pleats. Buorkerijen binne faak famyljebedriuwen, dy't soms generaasjes lang yn oererve wurde.

Untwikkeling[bewurkje seksje | edit source]

Buorkerijen binne foar de measte folken de grûn harren te fêstigjen. Ynearsten binne buorkerijen dan it meastepart fan alle yndustry, mar meidat hja doelmjittiger wurde komt der tiid foar oare beroppen, en troch it opkommen fan spesjalisten kinne buorkerijen noch wer doelmjittiger funksjonearje. Op dy manear wurdt it belang fan buorkerijen hieltyd grutter, wylst it tal persoanen yn de maatskippij dy op buorkerijen wurkje lytser wurdt. Ek skaalfergrutting makket de de yndustry doelmjittiger, wêrtroch it tal fan buorkerijen yn de rin fan de tiid noch fierder weromrint. Yn Nederlân binne noch sa'n tachtichtûzen buorkerijen, en likernôch 1% fan de minsken wurket noch op in buorkerij.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]