George Stephenson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
George Stephenson
Locomotion No. 1

George Stephenson (Wylam-on-Tyne (Newcastle-upon-Tyne), 9 juny 1781Chesterfield, 12 augustus 1848) wie in Britsk yngenieur dy't ferneamd is as útfiner fan de earste praktysk brûkbere stoomlokomotyf.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Stephenson syn heit arbeide as stoker by in koalemyn en George waard ek masinist yn de myn fan Killingworth. Hy hie in soad niget oan technyk, fral dy fan de stoommasine. Hy waard ûnderhâldsmonteur makke en krige fan de myndireksje tastimming om te eksperimintearjen mei de stoommasine.

Yn 1814 hie er syn earste stoomlokomotyf boud, de Blücher, ferneamd nei de Prusyske maarskalk Gebhard Leberecht von Blücher. De lokomotyf koe 30 ton stienkoal mei in faasje fan 4 myl it oere lûke. Mei de Blücher wie de earste lokomotyf op rails in feit. De neifolgjende jierren soe er 16 lokomotiven bouwe.

De earste wie al ûntwurpen en boud yn 1804 troch Richard Trevithick, 10 jier foar Stephenson's earste lokomotyf. Meidat Trevithick sines mei in soad bernesyktes te krijen hie en yn de praktyk net te brûken wie, wurdt Stephenson dochs as de earste makker fan in brûkbere lokomotyf beskôge.

The Rocket

Yn 1823 waard út ein set mei de bou fan it Stockton en Darlington spoar. Oarspronklik wie it de bedoeling om de metalen weinen oer metalen rails troch hynders lûke te litten. Neidat de bedriuwsdirekteur Edward Pease Stephenson moete hie waarden de plannen wizige. Septimber 1825 hie Stephenson syn nije lokomotyf, ornearre foar dat spoar, klear. Dy waard ynearsten Active neamd, letter Locomotion.
Op 27 septimber 1825 waard de line iepene. De Locomotion, mei Stephenson oan it stjoer, luts 80 ton koalen en lead en ien pazzazjierswein. De Locomotion die der 2 oeren oer, helle in snelheid fan 24 myl de oere en ried 9 myl yn ien kear.

1829 waard Stephenson winner fan in wedstriid om £ 500, útskreaun troch de direksje fan it Liverpool & Manchester spoar om fêst te stellen hokker stoomlokomotyf sy brûke soene foar har spoar. Stephenson die mei The Rocket mei. Hy wûn, waard ferneamd en krige in protte kontrakten. It jild dat er dêrfoar barde ynvestearre er yn tal fan projekten.

De earste trein op it Jeropeesk fêstelân waard lutsen troch de Pylk (la Flèche), in yn Ingelân makke stoomlokomotyf dy't 5 maaie 1835 fan Brussel nei Mechelen ried.