Pinksterlândagen

Ut Wikipedy

De Pinksterlândagen is in anargistyske manifestaasje yn Appelskea dy't sûnt 1933 hâlden wurdt. De gearkomst duorret in dei as trije. In soad organisaasjes en groepen folgje it programma op it terrein oan de Aekingawei 'ta Frijheidsbesinning' dat yn 1933 oankocht is. Fan 1924 ôf wienen der ek anargistyske Pinkstermobilisaasjes op oare plakken yn Nederlând.

Yn it programma komme minsken op it mêd fan dierebefrijing, minskerjochten en bûtenparlemintêre groepen as Grien Front, antimilitarisme, strjittekunst, nasjonalisme, multikulturele mienskip, kraken, identifikaasjeplicht, arbeidsrjochten en politike finzenen. In doel is ek om sjen te litten dat organisaasje fan ûnderop mooglik bliuwt. Dus gjin ôfhinklikens fan oerheden en fêstige (subsidiearre) maatskiplike organisaasjes.

It kulturele programma jout ek romte foar muzyk en film en kontakten middels ynternet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: