Sanatoarium

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It deisanatoarium Herfte, krekt bûten Swol, 1925
Oerbleaune toer fan it Grunwald Sanatoarium (Sokolowsko, Poalen).

In sanatorium is in ynstelling foar gronysk sike minsken om better te wurden. Se waarden yn de earste helte fan de 20e ieu ynrjochte om fral tuberkuloazepasjinten kuere te litten. Bêdrêst, skjinne lucht en sûne fieding wiene doe noch de wichtichste genêsmiddels tsjin dizze besmetlike sykte. Antybiotika wiene der noch net, mar men operearre wol oan de sike longen.

It earste sanatoarium foar TBC-pasjinten waard yn 1854 iepene yn Görbersdorf yn Dútslân (Brehmerschen Heilanstalt für Lungenkranke) troch Hermann Brehmer (1826-1889); tsjintwurdich hjit dit plak Sokołowsko en leit it yn Poalen.

Switserlân hie in protte sanatoariums omdat men miende dat de súvere berchlucht it bêste medisyn foar longsyktes yn't generaal wie. It wrâldferneamde sanatoarium fan Davos wurdt noch hieltyd brûkt foar behanneling fan longpasjinten, dy't fan hein en fier komme.

Yn 1943 ûntduts Albert Schatz fan de Rutgers Universiteit (New Jersey), it antybiotikum Streptomycine, it earste wier doelmjittige medisyn tsjin TBC. Mids 1950er jierren wie TBC net sa'n grut gefaar mear foar de folkssûnens en waarden de measte sanatoaria stadichoan sletten of omfoarme ta algemiene sikehûzen.

Foarbylden fan sanatoaria yn Nederlân