Flyhors

Ut Wikipedy

De Flyhors is in natuergebiet op it waadeilân Flylân; it hat in grutte fan likernôch 20 kante kilometer. It gebiet wurdt foar in grut part brûkt as militêr oefenfjild foar de Keninklike Loftmacht. De plaat leit op de westlike helte fan Flylân.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It rêdinshûske op de Flyhors.

De Flyhors is in bysûnder natuergebiet. It is in sânplaat, dy't diels faak ûnder wetter stiet, dêr't de natuer har gong gean kin en dy't hast de helte fan Flylân beslacht.

Healwei de Flyhors stiet in rêdingshûske dat earder tsjinne as plak dêr't drenkelingen yn skûlje koenen. Tsjintwurdich is it hûske in juttersmuseum. Oan de foet fan it hûske lizze tal fan houten planken, netten en oar guod dat oanspield is op Flylân. Noch fierder, op de úterste punt fan it eilân, is in soarte fan kaai dy't tsjinst docht as oanlisplak foar de pont nei Tessel. Tsjintwurdich wurde der ek tochten organisearre nei de Flyhors.

Militêr oefenterrein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In boerd warskôget minsken dat hja in militêr oefenfjild opkomme

It plan om de Flyhors te brûken foar militêre oefenings komt al fan ein jierren '30 út de 20e iuw. Troch de situaasje yn Dútslân bestie der ferlet fan in gebiet dêr't oefene wurde koe. Op 2 maaie 1948 waarden de earste searje oefenings hâlden. De operasjonele namme fan de Flyhors by de Loftmacht is ek wol Cornfield Range.

Op it terrein binne in ferskaat oan doelen opsteld. Bygelyks bomdoelen, sjitdoelen en raketdoelen. Neist de normale munysje kin der tusken 15 septimber en 28 febrewaris ek oefene wurde mei echte bommen. Wol is der in grins steld oan it tal echte bommen dat yn dy perioade brûkt wurde mei: 70. Fleantúgen fleane fan de Noardsee ôf nei de Flyhors ta om lúdsoerlêst op it eilân safolle mooglik foar te kommen.

As der oefenings hâlden wurde is it gebiet sletten foar publyk. De grins fan it oefenfjild wurdt oanjûn mei boerden, by in oefening binne de boerden mei reade flaggen oanjûn.

Yn 1952 is wis ien kear in test útfiert mei it senuwgas sarin. Dat guod waard ûntwikkele troch TNO. Oant 1993 waard troch Defensje op de Flyhors ek oefene mei ferearme uranium yn munysje.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: