Crackstate

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

Crackstate waard oprjochte troch grytman Hyppolytus Roelofs Crack yn 1608.

Yn likernôch 1648 hat Johannes Sytzes Crack,grytman van Aengwirden in nij hûs delsette litten, mar it is al sa dat parten fan it âlde gebou dêrby opnaam binnenyn it nije. Crackstate is boud yn de betide en strange barokke styl fan Fryslân. De ûntwerper, Willem de Keyser. hat it lykwols ek Amsterdamske ynfloeden meijûn.

Om it gebou rint in grêft. De brêge oer de grêft om de stins komt, lykas oanjûn op de ynmitsele stien, út 1755. De poarte foar de brêge komt út de buert fan Hoarn en hat as jiertal 1819.

It pân waard yn 1833 ferkoft oan it Ryk en ferboud ta rjochtbank en finzenis. Mear as in ieu hat it in rjochtbank en in Hûs fan Arrest (finzenis) west. De gemeente It Hearrenfean hat it gebou sûnt 1949 yn besit en brûkt it sûnt 1952 as gemeentehûs. Yn 1993 hat Crackstate in ferbining krigen mei it nijboude gemeentehûs oan de K.R. Poststrjitte. De trouseal sit yn it âlde pân.

Crackstate hat in toer mei in koepeltsje, dat wierskynlik as útsjochpost brûkt waard. In 1962 wurdt der in klokkespul fan 37 klokken yn hongen, dy't yn 1985 revisearre wurdt en útwreide mei twa klokken.


[bewurkje seksje] Sjoch ek


52° 57' 40" NB 5° 55' 19" EL

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings
Oare talen