Springe nei ynhâld

Aasterein

Ut Wikipedy
Aasterein op Skylge

Aasterein (Oosterend; Aastersk: Aastrein, Midslânsk: Aastrein) is in doarp op Skylge. Op 1 jannewaris 2005 hie it doarp 121 ynwenners (Boarne: Gemeentegids Skylge, 2005 - 2006). Aasterein is it meast eastlike doarp op Skylge en leit dêrtroch ek it tichtst by natuergebiet de Boskplaat. Nei it westen leit it doarp Hoarne.

Aasterein wie it wenplak fan de aadlike famylje Popma, dy't tusken 1330 en 1523 de funksje fan hearskip of grytman oer Skylge ferfolde. Folkert Popma beneamde himsels yn 1389 yn dy funksje. Syn opfolger, Ziwaert Popma waard lykwols as grytman beneamd troch Albrecht fan Beieren. Fan it wenplak fan de famylje Popma is no noch mar Stinswier oer, in lytse heuvel yn de greide oan de súdkant fan it doarp. Aasterein hat gjin tsjerke, mar hie yn de Midsiuwen in lytse kapel, stifte yn 1330 troch Sjoerd Popma.

Oan de eastkant fan Aasterein leit it bûtendykske kultuerlân de Grië. Parten fan de gerslânperselen lizze mids elzesingel. Oare stikken greide wurde lykwols inkeldris troch seewetter oerspield en hawwe in sâltminnende fegetaasje. Op de Grië lizze fjouwer einekoaien, de Takkekoai, de Jan Willemskoai, de Horrekoai en de Rimkeskoai. De Takkekoai is oanlein yn de 17e iuw, de oare trije yn de 19e iuw. De fjouwer koaien binne apart bedike, om skea troch seewetter foar te kommen. Oarspronklik wienen de koaien allinnich oan de noardside mei bosk beplante. It suden fan de koai bleau ûnbeplante om einen fan it Waad te lokjen. Yn de koaien waard eartiids benammen Smjunt, Pylksturt en Piiptsjilling fongen. Tsjintwurdich is allinnich de Rimkeskooi noch yn bedriuw.

Op de Grië stiet ek de Wierskuorre, in skuorre dêr't eartiids it op de Waadsee meande Smjuntegers yn drûge waard. Dit seegers waard brûkt as folling fan kessens en bêden.

Sil de Strânjutter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de Badwei by Aasterein stiet in byld fan Sil de Strânjutter út it boek fan Cor de Bruijn. In pakesizzer fan De Bruijn hat it mei de Flaamske akteur Jan Decleir ûntbleate op 6 novimber 2010. It byld bestiet út trije rûne stiennen mei dêrop byltnissen fan in strâne skip, in dúnlânskip en in jutter op syn hynder. It byld is makke troch Skylgers Frans Schot en Jetze de beer. Hjirta waard destiids it Kommitee 'Oade oan Sil' oprjochte. Yn it toanielstik spilen yn 1976 Skylgers de rêding fan in strane skip mei rêdingsboat dy't troch hynders nei it strân lutsen waard. Jan Decleir spile doe de rol fan Sil de Strânjutter.

  • Op Skylge wurdt Aasterein wol. mei troch de ôflizzende lizzing, Egypte neamd.
  • Yn de buorren wurdt in Frysk dialekt sprutsen, it Aastersk.

Yn Aasterein steane in lyts molkfabryk en in melkerij fan Fryske melkskiep. Der binne twa restaurants, in tal kampings en terreinen mei rekreaasjehúskes en twa kampearpleatsen. Der binne seis feehâlders yn Aasterein.

Oan de ein fan de Aastereinder Badwei op it Noardseestrân stiet in badpaviljoen.

Ek stiet yn Aasterein oan it strân it Heartbreak Hotel, in kafee dat lykas de namme al tinken docht hielendal fersierd is nei Elvis en syn muzyk.