Smjunt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Smjunt
Anas penelope m2.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Goeseftigen (Anseriformes)
Famylje: Einfûgels (Anatidae)
soarte
Mareca penelope

De Smjunt (Mareca penelope) is in fûgel út it skaai fan de Smjunten. De fûgels út dit skaai hawwe in skoft yndield west by de gewoane Einen. De Eastein is dêrom ek wol te finen ûnder de namme Anas penelope. It skaai Mareca is lykwols op 'e nij ynfierd.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Smjunt wurdt sa'n 41 oant 51 sm grut, en hat in wjukspanwiidte fan 75 oant 86 sm. It gewicht fan de fûgel leit tusken de 500 en 900 gram. De Jerke hat meast grize fearren, dy't foaral oan de ûnderkant en op it boarst wat ljochter fan kleur binne. De jerke hat in opfallende brune kop mei giele krún en foarholle. De blauwe snaffel hat in swarte punt. It wyfke hat in ûnopfallende brune kleur.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De briedgebieden fan de Smjunten lizze yn Noard-Jeropa, Noard-Aazje en in part fan it noarden fan Noard-Amearika. De Fûgels libje op marren, somtiden ek by langsum streamende rivieren. By it ynfallen fan de winter trekke de fûgels nei it súden. Yn Jeropa oerwinterje se yn Midden en Súd-Jeropa. Ek yn Fryslân binne se dan yn grutte kloften te sjen. Meast by it wetter mar ek faak op de greide of it boulân om dêr te fretten.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

Smjunten binne eins echte fegetariërs. Sy ite sawol wetterplanten mar ek gêrs en oare planten op de wâl. De fûgels binne in 15 oeren deis dwaande mei iten en moatte sa'n 300 oant 400 gram deis hawwe.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Smjunten wurde mei twa jier geslachtsryp. Koart nei de winter foarmje de smjunten pearkes, de briedtiid leit yn de moannen maaie oant july. De smjunt makket in nêst op de grûn flak oan de wetterkant, it nêst wurdt beklaaid mei dûns. It wyfke leit sa'n 5 oant 9 aaien, dy in 5 sm grut binne. De aaien wurde 24 dagen bebret. De jongen ferlitte it nêst fuortendalik wêrnei se noch sa'n 45 dagen by harren mem bliuwe foardat se harren sels rêde kinne.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Chuck Hagner: Guide to ducks and geese. Stackpole, Mechanicsburg 2006. ISBN 0-8117-3344-0
  • P. W. Mayhew: The feeding ecology and behaviour of wigeon (Anas penelope). Glasgow 1985.
  • Hendrik Brunckhorst: Ökologie und Energetik der Pfeifente (Anas penelope L. 1758) im schleswig-holsteinischen Wattenmeer. Kovac, Hamburg 1996. ISBN 3-86064-454-8

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]