Jan Decleir

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Decleir (Bonifatius)

Jan Decleir ( 14 febrewaris 1946) is in Flaamsk akteur, mar berikte in miljoenenpublyk troch syn optredens yn spylfilms. Hy debutearre as filmakteur in 1971 yn de produksje Mira fan Fons Rademakers. Hjiryn wie de de tsjinspiler fan Willeke van Ammelrooy. By bern is Decleir benammen bekend as Sinterklaas yn it berneprogramma Dag Sinterklaas en de film Het Paard van Sinterklaas. Oare opfallende rollen spile Jan Decleir ûnder mear yn de foar in Oscar nominearre film Daens, Camping Cosmos en Karakter.

Jan Decleir krige ferkillende ûnderskiedings foar syn aktearwurk. Sa krige de film Antonia dêr't hy yn meispile in Oscar, krektas Karakter. Hy hie ynternasjonaal bekender wurde kind, mar hy liet de rol fan smjunt yn de Bond-film The World Is Not Enough oan him foarby gean omdat hy it toanielspyljen wichtiger fûn. Foar It Skaad fan Bonifatius spile hy de rol fan Bonifatius.[1]

[bewurkje seksje] Filmografy

Jan Decleir

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bonifatius-film yn it Aldfrysk op It Nijs (sjoen op 26-06-2010)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen