Pylksturt (fûgel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pylksturt (Fûgel))
pylksturt

mantsje (l.) en wyfke (rj.)
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas acuta
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel
     wintergast

     trochtrekker
     dwaalgast


De pylksturt (Anas acuta) is in fûgel út it skaai fan de einen.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It mantsje fan de Pylksturt is yn de briedtiid net te miskennen. Hy is meast griis, mei in wyt boarst en in lange wite nekkestreek, dy't op syn donkerbrune kop einiget. By it achterein is er wyt mei swart en hy hat in lange puntige sturt dy't wol in 10 sm lang wurde kin. Dêr tanket de ein yn de measte talen ek syn namme oan. It wyfke is hielendal brún wêrby't har boarst wat ljochter is. Sy hat ek in lange puntige sturt hoewol't dy aardich koarter is as by it mantsje. Bûten de briedtiid hat de jerke ek de ûnopfallende tekening fan it wyfke. Mar omdat dizze einen wat finer binne as de measte oaren mei in lange smelle hals, binne beide slachten goed te ûnderskieden fan oare einesoarten. De Pylksturt is in aardich grutte ein, it mantsje is meast 65-75 sm, it wyfke sa'n 10 sm lytser. De fûgels weachje tusken de 700-1200 gram en hawwe in wjukspanwiidte oant 85 sm.

In fideo fan 'e pylksturt.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pylksturt is in tige algemiene ein dy't briedt yn de noardlike gebieten fan Jeropa en Aazje en yn Noard-Amearika yn Alaska en Kanada en it midden-westen fan de Feriene Steaten. De Pylksturt is in echte trekfûgel dy't meast in hiel ein nei it suden lûkt yn de winter, guon fûgels fleane hielendal nei sintraal Afrika. Bûten de briedtiid hâlde se harren meast op yn kloften, faak ek mei oare einesoarten.
De Pylksturt hâldt fan in iepen gebiet mei stilsteand wetter.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pylksturt yt it meast wetterplanten dy't hy swimmend yn it wetter op yt. Yn de briedtiid yt er ek wol wetterynsekten.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pylksturten briede meast yn april en maaie. As se yn harren briedgebiet oankomme hawwe se al pearkes foarme. It wyfke makket yn de tichte begroeiïng in nêst dat mei dûns beklaaid wurd, it nêst hoecht net ticht by de wetterkant te lizzen, mar kin ek wol wat fierder op yn it lân lizze. Dêr leit se 6-12 grutte felgriene aaien dy se yn in trije wiken útbriedt. De jongen kinne nei sa'n 7 wike fleane.

Aaien fan 'e pylksturt.