Midslân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
lizzing fan Midslân
Kaart fan Midslân
Krústsjerke Midslân, boud yn 1880 yn eklektyske styl mei neorenêssânse eleminten

Midslân (Midslânsk: Meslôns) is in doarp yn de gemeente Skylge. Sa't de namme al seit hat it yn it ferline midden op it eilân lein. Sûnt de Boskplaat it eilân de helte grutter makke hat leit it lykwols op it westlik part fan it eilân. It doarp is mei 871 ynwenners (2005) it ien grutste doarp fan Skylge. Yn de buorren fan Midslân stiet in tsjerke mei in begraafplak der omhinne. De tsjerke is boud yn 1880, nei de sloop fan de om 1400 boude Sint Willebrordustsjerke. De âlde tsjerkeklok út 1512 is it iennige dat noch fan de Willebrordustsjerke oer is.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Midslân wie fanâlds it bestjoerssintrum fan it waadeilân Skylge. Op 29 desimber 1612 passearde de Akte fan Skieding, wêrby't Skylge opsplitst waard yn twa ferskillende gemeentes, West-Skylge en East-Skylge. Midslân wie fan doe ôf oan it bestjoerssintrum fan East-Skylge. In drost bestjoerde út it Drosthûs wei it eastlik part fan it eilân. Pas nei de Frânske besetting feroare dat. Skylge waard wer ien gemeente, mar it bestjoerssintrum waard ferpleatst nei West-Skylge.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

Fan oarsprong is Midslân in boeredoarp. Feehâlderij wie it foarneamste middel fan bestean. Wyls is der gjin inkele feehâlder mear oer, en is toerisme de grutste ynkommensboarne. It doarp hat ferskate foarsjennings foar de toerist, wêrûnder 1 hotel, 3 pensjons, 6 kroegen, 1 diskoteek, 11 restaurants en ythúskes, ferskate campings en simmerhúskes. Fierders is der yn Midslân in legere skoalle, in middelbere skoalle (MAFÛ/FMBÛ), in sportfjildekompleks, in helihaven (foar ferfier fan pasjinten), in supermerk, in benzinepomp en it pleatslike kantoar fan de Stifting Oerol, dy't op Skylge it jierlikse Oerol Festival organisearret.

Gea[bewurkje seksje | edit source]

Der lizze benammen greiden om Midslân hinne. De delten besuden en benoarden it doarp binne oerbliuwsels fan âlde slinken út de tiid dat Skylge noch net bedike wie.

Benoarden Midslân lizze de simmerhûsdelsettingen Midslân-Noard en Midslân oan See.

It doarp Stryp heart formeel ta de himrik fan Midslân.

Kultuer[bewurkje seksje | edit source]

Midslân is ien fan de doarpen op east Skylge dêr't alle jierren op 6 desimber Sunderum fierd wurdt. Midslân hat in eigen doarpsbestjoer, de buorlju fan Midslân. Dy buorlju, de folwoeksen manlike ynwenners fan it doarp, fergaderje op de tredde freed fan it nije jier by it buorrebier, om de problemen fan it doarp op te lossen. Yn Midslân jildt de buorplicht, de ferplichting om foar de mei-ynwenners te soargjen. Dy soarch hâldt mei yn it organisearjen fan de begraffenis fan ferstoarne doarpsgenoaten. Op 25 juny wurdt yn Midslân jierliks it SintJansfeest hâlden, in draverij mei hynders sûnder seal yn de de buorren, de Easterbuorren. Midslân hat in folksdûnsdferiening, yn de simmer treedt dy feriening op. De feriening hat dracht oan dy't dêr eartiids op snein droegen waard. Yn maart wurdt alle jierren it Iepen Skylger Dartstoernoai spile. Op ferskillende plakken wurdt der om ferskillende titels striden lykas dames- en hearen single, it ferrassingskeppeltoernoai en de fêst dames en hearen keppeltoernoaien. Ek oan de jongerein wurdt tocht middels in jeugdtoernoai en in âlder-bern toernoai. Foar eventuele dielname oan it toernoai moat ier genôch ynskreaun wurde.

Midslân is ek it doarp dêr't troch Joop Mulder it Oerol Festival betocht waard as lytsskalich strjitteteaterfestival en no útgroeid is ta in festival fan nasjonale betsjutting.

Ut Midslân wei is it ljocht fan de Brandaris te sjen.

Dialekten[bewurkje seksje | edit source]

Oars as op oare dielen fan Skylge wurde yn Midslân en dêr omhinne gjin Fryske dialekten sprutsen, mar in Hollânsk dialekt, it Midslânsk of Meslânzers. It dialekt is fergelykber mei it Stedsfrysk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]