Skittrum

Ut Wikipedy

Skittrum is in ferdwûn doarpke op it waadeilân Skylge. Skittrum hat beëasten de buorskip Halfweg lein. Yn 1566 telde Skittrum seis huzen, yn it begjin fan de 18e iuw noch trije. Yn 1830 wie de buorskip ferdwûn.

De lokaasje is wer bewenne rekke troch de bou fan in pleats yn 1911 (no in pizzeria). De hjoeddeiske bebouwing wurdt lykwols rekkene ta de buorskip Halfweg. Yn 2008 is der ek in kemping mei de namme Schittrum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: