Hoarn (Skylge)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan Skylge
Janstsjerke

Hoarn (Aastersk: Hoane, Midslânsk: Hôane) is in doarp op Skylge. It leit east fan Lies en ten westen fan Aasterein. Op 1 jannewaris 2005 hie Hoarn 463 ynwenners (Boarne: Gemeentegids Skylge, 2005 - 2006).

Hoorn is in langhalich doarp mei in fan oarsprong fersprate bebouwing fan pleatsen en huzen. Troch de bou fan inkele nijbouwykjes is Hoarn sûnt midden jierren '70 grutter woarn.

Hoarn is fan oarsprong in boeredoarp wêr't feehâlderij de foarnaamste ynkomstenboarne wie. Tsjintwurdich wurdt mear jild fertsjinne oan it toerisme en binne der noch mar inkele aktive feehâlders oer. Hoarn hat fjouwer restaurants, twa kroegen, inkele winkels en in sportfjildenkompleks.

Gebouwen[bewurkje seksje | edit source]

Ien fan de âldste gebouwen fan it doarp is de strânfaldelskuorre, noch suver yn oarspronklike steat. Earder waarden hjir it juttene guos opslein, tsjintwurdich is it in opslachplak foar alle ferienings op East-Skylge.

Karakteristyk is midsieuske Sint Janstsjerke. de tsjerke is yn de trettjinde ieu boud, en is de âldste tsjerke fan Skylge.

By de tsjerke stiet de Sjou, in bal dy't hyst waard om oan it wurkfolk yn de wide omkriten de tiid foar it middeisskoft oan te jaan.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Bekende Hoarnsters binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. stiet nr. 3 yn de Kafee Top 100