Noarderheaks

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Noarderheaks is in sânplaat fuortendalik oan de westkant fan it Marsdjip en is ûntstien troch tijwurking fan de Noardsee. In grut part fan de plaat komt hast nea ûnder wetter, allinnich by in stoarmfloed. De sânplaat hat in grutte fan likernôch 5 fjouwerkante kilometer en is in sa neamd ‘eilân yn wurding’. De plaat giet mei in gong fan sa'n hondert meter it jier rjochting it Marsdjip en is grûngebiet fan de gemeente Teksel. De Noarderheaks is in part fan de Waadeilannen.

Gebrûk[bewurkje seksje | edit source]

De plaat wurd foaral brûkt troch in ferskaat an fûgels en seehûnen. Dit komt trochdat it mêd hast net oantaast is troch minsken. Fjirder komme der yn de simmer in protte deitoeristen en wurd in part fan De Noarderheaks ek noch wolris brûkt troch de marine en de loftmacht as oefenterrein.

 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise