Langereach

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje

Langereach is in eilân, it fiifde yn de rige fan bewenne Eastfryske eilannen. It is 19,6 km² grut en 14 km lang en der wenje om-ende-by 2.150 ynwenners (2004). It ienichste doarp fan it eilân is Langereach, oan de noardwestkant. Yn it westen skiedet de Akkumer Ie it eilân fan Baltrum, en yn it easten skiedet de Otzumer Balje it fan Spikereach. It eilân heart ta de Dútkse dielsteat Nedersaksen en it distrikt Wittmund.

[bewurkje seksje] Ferbinings

Haven fan Langereach.

Langereach is mei de fearboat te berikken út Bensersyl op de fêstewâl yn East-Fryslân. Dizze feartsjinst is net ôfhinklik fan it tij en fart neffens in fêste tsjinstregeling. Op it eilân is in fleanfjild en in spoarlyntsje dat de haven mei it doarp ferbynt. Op it eilân meie gjin auto's ride.

Utsjoch fan Baltrum op Langereach, mei yn 'e fierte Spikereach.


[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen