Langli

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In printsje fan Langli, makke troch Oscar Herschend yn 1883.
Langli yn de Ho-Bocht

Langli is it noardlikste fan de Waadeilannen. It eilân leit yn de Ho-Bocht foar de kust fan Denemark by Hjerting. Langli is in ûnbewenne sompe-eilân fan 2 kilometer lang en 800 meter breed. By leechwetter is it eilân oer in trije kilometer lange ferhege seewei te berikken, dy't fan súdlik fan it plakje Ho begjint.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Langli wie oant de stoarmfloed fan 1634 part fan in skiereilân. Dêrnei hat it skiereilân him op 'e nij foarme, mar is it opskood nei see ta, dat it hjoeddeiske Skallingen skermet it eilân ôf fan de weagen fan de Noardsee.

It eilân waard sûnt de 16e ieu brûkt foar lânbou, mar de earste fêste bewenning kaam earst yn 1840 doe der twa famyljes op it eilân te wenjen kamen. Yn 1911 libben der 38 ynwenners en wie der sels in skoalle. Yn 1915 lutsen dizze minsken wer fuort trochdat it eilân troch twa floedgolven oerspield waard en der gjin help fan de oerheid kaam om it eilân wer op te bouwen. In lettere ynwenner fan it eilân boude foar himsels in hûske op Langli.

Yn 1970 waard it eilân by de gemeente Ho foege. Yn 1982 naam de Deenske oerheid Langli oer en is der in wittenskiplik sintrum op it eilân festige. Sûnt de gemeenteherfoarmingen yn Denemark yn 2007 is it ûnderdiel fan de gemeente Varde.

Langli is it ienige ûnbewenne waadeilân oan de kust fan Denemark.

Natoer[bewurkje seksje | edit source]

Langli is alle jierren tusken 16 july en 15 septimber iepensteld foar rinners. Op it eilân briedet in ferskaat oan fûgels, bygelyks mokken en stirnzen.

 
Fryske eilannen
Waddeneilanden.PNG
German Bight.jpg

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Tessel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise